Begjin novimber kaam it ferlossende wurd: de saneamde Richthofenkolleksje heart no ta it Nederlânske Memory of the World Register fan Unesco. In passende status foar de grutste samling midsiuwske hânskriften mei Aldfrysk rjocht, besit fan de provinsje, bewarre yn Tresoar. De tsien boeken, begjin 19de iuw ferwurven troch de Ljouwerter samler Petrus Wierdsma, kamen yn 1858 fia in feiling yn besit fan Karl von Richthofen. Desennialang waarden de hânskriften yn syn Silezyske kastiel bewarre. Doe’t de Richthofens oan de nederklits rekken, woene se de kolleksje ferkeapje. Dizze moanne hûndert jier lyn kamen de topstikken nei in spannende aksje werom yn Fryslân.
Stammet de namme Feyenoord ôf fan de Fries Feyo? Soest it tinke, wolst it tinke. It bewiis is meager, mar it ferhaal is boeiend.
Taai wie de striid fan lânpachtsjende boeren foar in bettere rjochtsbeskerming tsjin de lâneigeners. In iuw lyn waard de Bond van Landpachters oprjochte. Dat it bûn noch hieltyd bestiet, jout te tinken.
Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it op de mail (redactie@htfryslan.nl) of op ús social media.

