Keunstners fan it Fryske lân

(29ste jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2023)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Fryslân is tsjokker wurden, fan 32 nei 40 siden. In rommere jas foar bettere presintaasje. Skiednis freget soms útlis, hieltyd mear ek yn byld en dêrfoar is wat bewegingsromte winske. De ekstra romte is te sjen yn in fiifde artikel de edysje, mear resinsjes, ynterviews komme werom, mear jonge auteurs en mear dialooch oer skiednis en kultuer yn algemiene sin. Ferbining mei de aktualiteit wurdt in swierder wagend argumint yn de kar fan ûnderwerpen, al hâlde wy it fansels wol by it histoaryske perspektyf.
It iepeningsferhaal is de tredde ôflevering yn ús rige oer de Fryske sûnenssoarch. In ynterview nei oanlieding fan it oprinnende húsdoktertekoart mei Jan de Haan, ien fan de lêste klassike doarpsdokters fan Fryslân en emearitus-heechlearaar yn de húsdokterkunde. Hy makket him dúdlik soargen.
Iris Witzenburg skriuwt oer de rol fan iten yn de diplomaasje oan it Stadhouderlijk Hof yn de 17de iuw, in ferfolch op har ferhaal by it resinte KFG-minysymposium.
Ta beslút skriuwe Jaap Krol én Egge Knol oer de Bisschop-tentoanstelling yn it Fries Museum, mar sjogge se der folslein ferskillend tsjinoan.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it op de mail (redactie@htfryslan.nl) of op ús social media.  

 

Lêste online nûmers