Easterlauwersk Frysk eilantsje

(28ste jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2022)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

It Sealterfrysk is in restje Easterlauwersk Frysk dat net folle mear praat wurdt yn Sealterlân, tusken Papenburg en Friesoythe, opfallend genôch bûten East-Fryslân. Dat de taal it oant fier yn de 20ste iuw folhâlden hat, sil te krijen hawwe mei de ôfhandige lizzing en dat it in katolike enklave wie. It besef dat taal erfgoed is en wichtich foar de identiteit, bestiet op it plak sels noch mar koart. Sûnt 2020 hat de Oldenburgische Landschaft in wittenskiplik meiwurker Sealterfrysk yn tsjinst yn de persoan fan Henk Wolf. Hy beskriuwt foar ús de stân fan Sealterlânske saken.
Fier foardat de feriening De Friesche Elf Steden de tocht organisearre, bûnen aventoerlike riders de houtsjes ûnder. Lykas Hobbe Baerdt van Slooten.
Watst allegear mei fiskehûd dwaan kinst! Dat sil in soad minsken fernuverje. Dochs is de tapassing al iuwenâld. Marloes Vreugdenhil skriuwt deroer.
De earste edysje fan Fryslân yn 2022 is yn in nij opmaakjaske stutsen.

Lêste online nûmers