Oait waard it histoarisy sterk ôfret: skiednissen beskriuwe út in persoanlik perspektyf wei. Gelokkich binne de measte histoarisy der yntusken fan weromkommen. It persoanlike perspektyf is allinnich al in weardefol ynstrumint om komplekse histoaryske ûnderwerpen mei ‘te iepenjen’, in oangripingspunt foar de ûndersiker rjochting it (lêzers)publyk.
Yn dizze Fryslân moaie foarbylden fan persoanlike perspektiven mei histoaryske mearwearde. Lykas it iepeningsferhaal fan Gosse Beerda: we witte alles al oer de oerfal op de Blokhúspoarte yn 1944, en dochs leverje de memoires fan Sietze Jonker yn Beerda syn hannen in lêzensweardich nij perspektyf op. Of op in oare wize it earbetoan fan Minie Baron oan har heit Roelof. Krekt as histoarika én dochter nei it oait fanselssprekkende bestean fan heit as Fryske feehanneler leart ús hoe’t de masinery fan de ‘foarútgong’ yn de agraryske sektor withoefolle lytse slachtoffers makke. Weardefolle skiedskriuwing, út in persoanlik perspektyf wei.
Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it op de mail (redactie@htfryslan.nl) of op ús social media.

