
Yn dizze edysje û.o. omtinken foar twahûndert jier rêdingwêzen oan de Fryske kust, by it twadde iuwfeest fan de Koninklijke Nederlandse Redding Maatschappij. Fryslân ken no sân rêdingstasjons, mar dat wienen oait tsien. Wylst it oait mar mei ien begûn. En twa biografyske artikels: oer dûmny Franciscus Lieftinck (1835-1917), in redenryk parlemintariër dy't út namme fan Ljouwert en Frjentsjer goed in fearns iuw Twadde Keamerlid wie en in rekonstruksje fan it libben en wurk fan de fergetten Fryske skriuwster Teatske Alzum (1899-1962) út Moarre.
Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it op de mail (redactie@htfryslan.nl) of op ús social media.
