jubileumbanner 2027

200 Fryske froulju fan de lêste 200 jier yn jubileumboek

It Keninklik Frysk Genoatskip bestiet yn 2027 200 jier. Om dat te fieren, komt der in jubileumboek mei dêryn 200 biografyen oer 200 Fryske froulju dy’t libben tusken 1827 en 2027. De haadredaksje is yn hannen fan Tialda Hoogeveen.

NBalanina TialdaHoogeveen HR 5

Tialda Hoogeveen by it portret fan skriuwster en fersetsfrou Tiny Mulder dat Douwe Elias makke. (Foto Natalia Balanina)

De ôftraap fan dit projekt is op tongersdei 19 desimber yn Tresoar, oanslutend op de lunchlêzing fan Els Kloek. Els Kloek is ‘geastlike mem’ fan dit projekt, want troch de gearstalling fan har boeken 1001 vrouwen uit de Nederlandse geschiedenis en 1001 vrouwen in de 20ste eeuw is se foar it KFG it grutte foarbyld om in sa'n projekt op te starten foar Fryslân.

Yn it boek wurde biografyen opnommen fan 200 froulju dy’t yn de perioade fan 1827 oant 2027 in wichtich part fan har libben yn Fryslân wenne hawwe of in dúdlike (famylje)bân mei Fryslân hân hawwe en sa ek as ‘Fryske froulju’ beskôge wurde kinne. It giet yn alle gefallen om froulju dy’t foar 2027 ferstoarn binne. De 200 biografyen wurde pleatst ûnder in tal maatskiplike tema’s dy't yn it boek koart yntrodusearre wurde. Sa wurdt de gearhing ferdúdlike en wurde ek frouljusmienskippen sichtber makke.

Oprop

Der is in list mei 100 froulju gearstald. Besjoch dt list hjir. Mei in oprop oan it publyk freegje we om nammen oan te leverjen dy't noch ûntbrekke op de list, sadat in list fan 200 nammen gearstald wurde kin.

Hokker frou mei perfoarst net ûntbrekke op de list fan 200 Fryske froulju?
We binne benijd, lit it witte fia 200froulju@gmail.com.
Tink derom, der binne wat betingsten:

  • De frou moat libbe ha tusken 1827 en 2027
  • De frou moat op it momint fan it ferskinen fan it boek net mear libje
  • De yntsjinne nammen nimme we allegear mei yn ús oerlis. Oer de yntsjinne namme(n) wurdt fierder net kommunisearre

Oer it boek
Wêrom in boek oer froulju dy’t yn de twa iuwen fan it KFG in rol fan betsjutting spile hawwe yn en foar Fryslân? Yn de earste twa iuwen fan it KFG hat it benammen omtinken jûn oan de skiednis fan de manlju fan Fryslân. Ek yn it KFG sels hawwe manlju lang foar master opslein. Pas yn 2023 bestie it KFG-bestjoer foar it earst út mear froulju as manlju en oant no hat it KFG noch mar ien frou as foarsitter hân. It KFG-bestjoer beskôget dit projekt dan ek as in lytse ynhelslach om dizze disbalâns in bytsje goed te meitsjen.

It sjocht dit projekt tagelyk as in maatskiplik weardefol projekt, it slút goed oan by de algemiene doelstellings fan it KFG wat it fuortsterkjen fan it ûndersyk nei de Fryske skiednis en kultuer oangiet. Omtinken foar froulju binnen de Fryske kontekst sil liede ta nije rykdom oan ynformaasje en in better begryp fan de histoaryske ûntjouwingen yn Fryslân.

It boek sil in protte froulju dy’t oant no te min omtinken krigen hawwe, foar it fuotljocht bringe en harren it plak jaan dat sy fertsjinje yn de skiedskriuwing. By alle biografyen komt ien yllustraasje: in foto, skilderij of tekening. It boek wurdt in twatalige útjefte, de kar om in biografy yn it Frysk of Nederlânsk te skriuwen wurdt makke op basis fan de taal dy’t it bêste past by de betreffende frou en har aktiviteiten. 

De presintaasje fan it boek sil wêze op Ynternasjonale Frouljusdei: op 8 maart 2027. Tresoar is út namme fan it KFG de pinfierder yn dit projekt en is fan doel nei 2027 it projekt ek digitaal in plak te jaan.

Oer Tialda Hoogeveen
Tialda Hoogeveen is skriuwer en sjoernalist. Se wie einredakteur fan de Moanne en hat histoaryske boeken as De geur van hooi, Alstubieft, mevrouw! Een geschiedenis van de Nederlandse dienstmeisjes en Oerstoer, over de welharige mammoet en de rest skreaun.

Yn de jierren 2023, 2024 en 2025 is sy as Berneboeke-ambassadeur aktyf op it mêd fan de promoasje fan Fryske berneliteratuer. ‘Geweldich dat der op sa’n grutte skaal omtinken komt foar froulju dy't wichtich west hawwe foar Fryslân. It liket my in moaie reis om de kommende jierren mei in hiel team skiednissen fan froulju op te dûkeljen en wrâldkundich te meitsjen, sadat se sichtber wurde foar in grut publyk. It boek is hooplik in begjin fan in fierdere reis nei oare publikaasjes lykas dokumintêres, podcasts, artikels of biografyen.’