KFG-Sieperda-sympoasium 2025: Ferlet fan ferbining: Fryske kontakten, 1925-2025

Op freed 11 april organisearret it Keninklik Frysk Genoatskip / Koninklijk Fries Genootschap yn ’e mande mei de redaksje fan De Vrije Fries, Tresoar en de Fryske Akademy it folgjende KFG-Sieperda-sympoasium 'Ferlet fan ferbining: Fryske kontakten, 1925-2025' oer Fryske kontakten yn de ôfrûne iuw oer de wrâld hinne. 

flagge

Hûndert jier lyn waard it earste Grut Frysk Kongres hâlden om de bannen tusken de trije Fryslannen oan te heljen. It gie dêrby foar in part om nostalgy mar likegoed om fierdere fersteviging fan de Fryske Beweging.
Der wienen yn dy jierren mear inisjativen om Fryske kontakten bûten de provinsje oan te heljen. Yn 1923 waard bygelyks it Frysk Boun om Utens (wer)oprjochte, sadat men fier fan hûs dochs it Frysk-eigene hoedzje koe. Sa’n ferlet wie der ek al rillegau ûnder lânferhuzers yn Noard-Amearika ûntstien. En yn 1925 – dus ek hûndert jier lyn – waard yn Grins de Fryske Studinteferiening Bernlef oprjochte om as Friezen ûnderinoar kontakt te hâlden.
It tema sil yn in Europeesk perspektyf pleatst wurde, want wat de Friezen diene wie perfoarst net unyk. Sa wie der yn deselde tiid de beweging dy’t de Europeeske naasjes tichterbyinoar bringe woe: de Paneuropeeske Uny, oprjochte yn 1923. In tal kundige sprekkers sil op dit sympoasium it opfallende ferlet oan ferbining fan sa’n hûndert jier lyn ûndersykje en sa mooglik ferklearje. Sy sille boppedat besjen wat de trochwurking fan de Fryske kontakten nei de oarloch west hat, ek mei oare taalminderheden yn Europa.

Programma
13:00 Ynrin mei kofje en tee
13.30     Iepening en wolkomswurd troch Joop Koopmans (foarsitter KFG en sympoasiumfoarsitter)
13:40    Jelle Krol, De Grutfryske Kongressen yn it ynterbellum
14:05    Ine Megens, Tussen hoop en vrees: Nationale minderheden en Europese samenwerking na de Eerste Wereldoorlog
14:30    Jurjen van der Weg, 100 jier Bernlef (1925-2025): Fryske stúdzje, Fryske aksje of Fryske wille?
14:55 Skoft
15:15     Jelte Olthof en Peter Postma, “Wrâldfriezen”: De Amerikaanse Droom van een Greater Fryslân tijdens en na de Tweede Wereldoorlog
15:40    Alex Riemersma, Fryske spinnen yn it web fan de Europeeske minderheidstalen sûnt 1980
16:05  Diskusje
16:25 Sluten
16:30 Buorrel

Wêr: Tresoar (Boterhoek 1, Ljouwert)
Wannear: freed 11 april (13:30-17:00 oere)
Opjefte: uterlik 8 april 2025 op info@friesgenootschap.nl (tagelyk mei beteljen)
Kosten: € 5,- foar KFG-leden en studinten en € 7,50 foar oare belangstellenden, oer te meitsjen op bankrekken NL33ABNA 0450289001 o.n.f. Koninklijk Fries Genootschap te Ljouwert

Oer de sprekkers

Jelle Krol is taalkundige en teamlieder Fryske literatuer by Tresoar. Yn syn proefskrift Minority Language Writers in the Wake of World War One (2020) komme syn belangstelling foar minderheidstaalskriuwers en it ynterbellum byinoar.

Ine Megens is histoarikus en wie yn har wurksume libben ferbûn oan de Ryksuniversiteit Grins. Har ynteresse giet út nei de trans-Atlantyske en Europeeske gearwurking nei 1945, benammen op it mêd fan feilichheidsfraachstikken.

Jurjen van der Weg is sosjaal geograaf. Hy wurket by de gemeente Ljouwert en wie ûnder mear fan it begjin ôf behelle by Kulturele Haadstêd LF2018. Yn syn frije tiid docht er bestjoers- en advyswurk yn de kulturele en sosjaal-maatskiplike hoeke.

Jelte Olthof is as universitêr dosint ferbûn oan de ôfdieling Amerikanistyk fan de Ryksuniversiteit Grins. Syn ûndersyk rjochtet him op politike retoryk yn de Feriene Steaten en dêrbûten. Hy is redaksjelid fan De Vrije Fries.

Peter Postma is dosint International Business oan de Hanze Hegeskoalle yn Grins. Ek wurket er as promovendus by de Universiteit Leiden oan in ûndersyk nei in transnasjonaal netwurk fan stúdzjegroepen ferspraat oer de “Nederlânske wrâld ” yn de Twadde Wrâldoarloch.

Alex Riemersma is emearitus-Lektor Frysk en meartaligens oan de NHL Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert. Hy wie ûnder oare belutsen by Mercator (Fryske Akademy) en it Europeeske Network to Promote Linguistic Diversity. Op dit stuit is er lid fan advysorgaan DINGtiid.