
(f.l.n.r) Renske, Gabriëlle, Robert by it optreden
Op freed 6 maart 2026 wie in iepen auteursbyienkomst fan it KFG-jubileumprojekt 200 Fryske froulju, mei inkele presintaasjes oer froulju dy't yn it boek mei 200 biografyen komme dat yn 2027 ferskine sil. Der wie ek in tapaslik optreden fan Glasboer (Gabriëlle Glasbeek, Renske de Boer en Robert van der Tol), dat lieten brocht oer Geesje Feddes, Jeanne Bieruma Oosting en Mietje Hoitsema.

