Ankeiler 4 Trinus Riemersma
Yn dit nûmer: 2024-6

Libben en wurk fan Trinus Riemersma

Yn de jierren sechtich wie de posysje fan it kristlike part fan Fryslân sa sterk, dat in krante út dat fermidden in boek dat it net oanstie yn de ban dwaan koe. Dat makke skriuwer Trinus Riemersma (1938-2011) yn 1964 mei doe’t syn roman Fabryk útkaam. Guon fûnen de boykot fan it Friesch Dagblad in skande. Doe’t de roman ek noch de Gysbert Japicxpriis wûn, wie it hielendal mis. Doeke Sijens, dy’t 1 novimber syn Riemersma-biografy Der is neat om glêd te strikenpresintearre, rekonstruearre foar Fryslân de opskuor fan doe.
Ankleiler 3 kerstening en Friese begrafenis
Yn dit nûmer: 2024-6

Kerstening feroare Frysk begraffenisritueel

Yn de rin fan de iere midsiuwen waard it Fryske begraffenisritueel stadichoan ferkrongen troch it kristlike. De kerstening ûnder lieding fan de Franken hie yngripende gefolgen foar hoe’t de Friezen har deaden begroeven. Hoe seach dy oergong der krekt út?
Ankeiler 2 Froonacker
Yn dit nûmer: 2024-6

‘Heil Froonacker!’

Yn 1949 waard wiidweidich it 750-jierrich bestean fan Frjentsjer fierd. In as ealman Sicco Sjaerdema ferklaaide ynwenner oerlange op it bordes fan it stedhûs plechtich de stedsrjochten oan de magistraten. Sa soe dat ek yn 1192 bard wêze. Hie dat wat mei histoaryske werklikheid te krijen, of hie – lykas ek faak no noch – foaral it no profyt by dizze ynterpretaasje fan it ferline?
Ankeiler 1 Jan Belgraver
Yn dit nûmer: 2024-6

Fryske wrâldreizgers en wrâldfantasten

'Globetrotte’, oftewol wrâldreizgje, wie tusken 1905 en 1935 in bysûnder en kleurryk fenomeen. Wol hûnderten jonge Nederlânske arbeiders begûnen der kuierjend of fytsend oan, bleaunen soms jierren fuort en kamen werom mei de meast fantastyske ferhalen. Mar gienen se ek echt? Under de globetrotters wienen ek wol wat Friezen. Wittenskipssjoernalist Jaco Berveling publisearre der ein oktober in boek oer en beljochtet in tal echte – en net echte – Fryske wrâldkuierders.