archief_mei24
Yn dit nûmer: Fryslân 2024-3

Fiif skilderijen út ien beam

Oant mids 17de iuw waarden in soad skilderijen op ikehouten panielen skildere. It kwalitatyf tige heechweardige hout kaam benammen fan it súdlike part fan it Baltikum en fan East-Poalen. Nei 1700 waard hout noch mar amper brûkt as drager foar skilderijen. Koartlyn binne achttjin panielskilderijen fan kapteins fan it Fryske Rezjimint datearre. In bysûndere ûntdekking wie dat in tal panielen út deselde beam komt.
man_mei24
Yn dit nûmer: Fryslân 2024-3

Oantinkens oan Johan Frieswijk

Op 6 maart 2024 ferstoar yn Beetstersweach Johan Frieswijk (80), dé histoarikus fan de Fryske arbeidersbeweging. Fan 1986 oant 2008 wie er ferbûn oan de Fryske Akademy, yn de jierren dêrfoar oan de Universiteit fan Amsterdam en de RUG. Al yn 1971 skreau er oer de Fryske seksjes fan de Internationale (1869-1871). Fierder makke er biografyske portretten fan foarmannen yn de Fryske arbeidersbeweging, lykas Foeke Kamstra, Tjeerd Stienstra, Jan Stap, Rindert van Zinderen Bakker en Geert Lourens van der Zwaag. Ek hie er in wichtige ynbring by de romrofte VARA-dokumintêre oer de skiednis fan it sosjalisme yn Nederlân: ‘Voorwaarts en niet vergeten’. Yme Kuiper hellet oantinkens op oan Johan Frieswijk.
vlasstrekken_mei24
Yn dit nûmer: Fryslân 2024-3

Flaaks as wurkferskaffing

Fryslân wie om 1850-1880 hinne de grutste produsint fan flaaks yn Nederlân. De tylt gie net sasear om it gewaaks sels, mar wie benammen bedoeld as wurkferskaffing. Foar in soad boargerlike en tsjerklike gemeenten wie it dé wize om arbeiders en har húshâldingen de winter troch te helpen. De arbeidsomstannichheden yn de saneamde braakhokken wienen lykwols striemin: lytse, hiel stoffige en net sûne donkere hokken en skuorkes dêr’t arbeiders fan moarns ier oant jûns let wurken. Kreten as ‘swier, net sûn, hoastje, kuchelje, stoflongen, brakerskoarts’ út kontemporêne ferslaggen en literatuer beskriuwe it wurk.
scheepsportret_mei24
Yn dit nûmer: Fryslân 2024-3

Special maritime histoarje

Yn dit nûmer in special maritime histoarje fan yn totaal trije artikels. It binne ynkoarte ferzjes fan lêzingen dy’t jûn binne op 3 febrewaris yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits op it sympoasium ‘Friezen in de Admiraliteiten van de Republiek’, organisearre troch de Werkgroep Maritime Skiednis fan de Fryske Akademy. We sjogge nei de Fryske bemanningsleden oan board fan it fregat Hûs te Warmelo dat yn 2016 weromfûn is, we rekonstruearje de dieden fan fergetten kaptein Adriaan de Roock en we folgje Fryske frachtfarders dy’t yn 1799 by Wight kaapt waarden troch de Ingelsen.