Ankeiler 4 Paard en Miedemawagen
Yn dit nûmer: Fryslân 2024-5

Wêr bliuwt it nije standertwurk?

Geschiedenis van de Friese landbouw (1952) fan J.J. Spahr van der Hoek en Obe Postma jildt 72 jier nei ferskinen noch altyd as ít standertwurk fan de Fryske lânbouskiednis. De wrâld stie yntusken net stil en sûnt dy tiid is in soad ûndersocht en publisearre, mar in nije totaalstúdzje kaam der net. Wurdt it dêr net tiid foar? In pleit fan âld-direkteur fan it Fries Landbouwmuseum Henk Dijkstra, dy’t op fersyk fan Fryslân syn lânbouboekekast op de kop sette.
Ankeiler 3 Spahr van der Hoek
Yn dit nûmer: Fryslân 2024-5

‘Artyst yn syn wittenskiplik wurk’

Histoarikus Johan Jacob Spahr van der Hoek (1915-1996) hâlde as wittenskipper altyd each foar de lytse dingen dy’t foar de skiednis sa belangryk binne. Op in hiel persoanlike, kreative en boartlike wize skreau ‘Spahr’ oer it ferline, oer minsken dy’t er kend hie en oer keunst. Hy wie in echte observator dy’t goed mei oaren gearwurkje koe. Ien fan dy oaren mei wa’t er publisearre, wie Obe Postma.
Ankeiler 2 Obe
Yn dit nûmer: Fryslân 2024-5

Obe Postma: folle mear as in dichter

Obe Postma (1868-1963) wie de dichter fan it Fryske lân, it Fryske libben en de Fryske siel. Mar hy wie safolle mear as dat: hy wie in alsidich wittenskipper dy’t in soad publisearre oer natuer- en stjerrekunde, filosofy, skiednis en lânbou, sa lit Rimmer Mulder sjen út namme fan it Obe Postma Selskip. Yn in spesjal fan in pear artikels fan ûnder oaren Goffe Jensma rjochtsje we ús op dy kant fan Postma. Mear spesifyk noch: op de lânbou- en lânskipshistoarikus. Hoe relevant is syn wurk hjoed-de-dei noch?
Ankeiler 1 Ja ik wil
Yn dit nûmer: Fryslân 2024-5

Troujurken as spegel fan de tiid

De skiednis fan de Nederlânske troujurk stiet sintraal yn de tentoanstelling Ja, ik wil. 250 jaar trouwjurken dy’t koartlyn yn it Fries Museum iepene en noch oant en mei 16 febrewaris te sjen wêze sil. Gearstaller fan de tentoanstelling Eveline Holsappel beljochtet yn dit nûmer trije kleurrike troujurken yn de eksposysje fan Friezinnen dy’t yn ferskillende tiden libben en dêr’t har troujurken fan sprekke.