ankeiler_lwrdn_nov25
Yn dit nûmer: Fryslân 2025-6

Wybrand en de high society

Hoe wist Wybrand de Geest yn it kompakte Ljouwert fan de santjinde iuw út de Minnemastrjitte wei syn namme te fêstigjen as de wichtichste portretskilder fan de Fryske high society? Hy siet mar in lyts eintsje fan de aadlike huzen en de bestjoerlike sintra fan Fryslân, mar hoe wurke soks? It lêste part fan in trijelûk.
ankeiler_oran_nov25
Yn dit nûmer: Fryslân 2025-6

Koloniale spoaren fan Berbice nei Doanjum

In skilderij yn it Stedhâlderlik Hôf toant steedhâlder Hendrik Casimir, syn broer, twa neven en - opmerklik pontifikaal - in swarte betsjinner. In seldsume ferskining yn it Fryslân fan de 17de iuw. Ealman Carel George van Wassenaer Twickel, grytman fan Frjentsjerteradiel, hie in goed iuw letter yn Doanjum ek in swarte betsjinner, Matthys Carel Willems út Berbice.
ankeiler_wolf_nov25
Yn dit nûmer: Fryslân 2025-6

De lêste Fryske wolf

De wolf is werom, mar wie iuwenlang út Fryslân ferdwûn. De lêste waard sketten by Aldeholtpea op 28 april 1712. De wolf waard bejage om’t se in soad skea feroarsake oan jachtwyld en fee. Cor Trompetter en Klaas Zandberg sochten nei ferhalen oer de wolf en de wolvejacht yn Fryslân en omkriten.
ankeiler_moarke_nov25
Yn dit nûmer: Fryslân 2025-6

Fryske Froulju: Anne Meester-de Vries

Moai wat âldere Friezen binne yn har jeugd foarlêzen út Moarke fan Anne Meester-de Vries (1901-1993) of ha it boek op in jierdei krigen. Meester-de Vries wie in bekende skriuwer, ek fan toanielstikken dy’t rûnom yn Fryslân spile waarden. Fan har wurk is no neat mear te krijen.