AFeer_juli25
Yn dit nûmer: Fryslân 2025-4

200 Fryske Froulju: Anneke van der Feer

It wurk fan de Snitser keunstner Anneke van der Feer (1902-1956) hat lang út byld west. Nei har ferstjerren waard it opburgen yn depots. Kaam it foar in eksposysje yn oanmerking, dan gienen har manlike kollega’s foar. No’t de oandacht ferskoot nei wat froulju oan de keunst bydroegen ha, falt ek it ljocht wer op har: net allinnich as keunstner, ek as in warbere aktivist.
koffieprent_juli25
Yn dit nûmer: Fryslân 2025-4

Kofje as graadmjitter fan wolfeart

Kofje waard earst fral dronken troch de hegere klasse. It lúkseprodukt kin yn de twadde helte fan de achttjinde en de earste helte fan de njoggentjinde iuw sjoen wurde as in graadmjitter foar wolfeart en feroaring. It gemiddelde ynkommen yn Fryslân wie doe it heechste yn de hiele Republyk, lei it kofjegebrûk dan ek echt heger as op oare plakken?
Indie_weiger_juli25
Yn dit nûmer: Fryslân 2025-4

Ynjegongers en -wegerers: trauma’s en earherstel

Twa artikels oer Friezen en de koloniale oarloch yn Nederlânsk-Ynje (1945-1949): Riemer Riemersma gie wól en skreau al yn 1966 syn trauma’s fan him ôf. Jan Meesters gie net en moast dat bekeapje mei finzenisstraf yn Veenhuizen. De striid foar earherstel fan 3000 Ynjewegerers, ûnder wa Meesters, giet troch.
WGeest_juli25
Yn dit nûmer: Fryslân 2025-4

Restauraasjeriedsels by portretten Wybrand de Geest

Planken dy’t ferdwûnen, smoargens op it wurk, ferkleure fernis, krassen fan degens en rûch oannaaide stikken doek. Fan it momint dat keunstskilder Wybrand de Geest (1592-1663/65) in portret meijoech oan in opdrachtjouwer, oant it yn it Fries Museum bedarre, koe der in soad barre. Foar de tentoanstelling Wybrand de Geest – Meesterlijke portretten is in tal wurken restaurearre. Konservator Anne-Marie Segeren fertelt hoe.