Greetje en pleegouders Haagsma_mrt25
Yn dit nûmer: Fryslân 2025-2

It bleeknoaske dat bleau

Tûzenen jonge evakuees waarden yn de oarloch opfongen yn Fryslân. Se gongen meastentiids werom. Mar de Rotterdamske Greetje Huksloot (1934-2021) die dat net. Se bleau yn Oerterp en waard Friezinne. Fan de sân bern dy't se mei har man Fokke Broers grutbringe soe, is Fryslân-haadredakteur Herman Broers de sechsde. Tresoar bringt de eksposysje ‘Twadde Thús’ oer jonge oarlochsevakuees yn Fryslân, Broers rekonstruearre de oarlochsjierren fan syn mem as ien fan harren.
NSB burgemeester Schut Sneek_mrt25
Yn dit nûmer: Fryslân 2025-2

De ‘Sjoet van Schingen’

Jacob Schut (1903-1957) wie NSB-boargemaster yn Snits. De frijsinnich herfoarme predikant, dûmny west yn it Drintske Zweeloo en Skingen (by Dronryp), krige fan de Snitsers de bynamme ‘de Sjoet van Schingen’. Henk Tijssen skriuwt oer de boargemastersjierren fan dizze nazi-predikant.
Beerda_mrt25
Yn dit nûmer: Fryslân 2025-2

‘Foardering op Dútslân’

Gosse Willems Beerda (1905-1965) stjoerde yn 1958 in brief ‘Aan het Ministerie van Buitenlandse Zaken, afd. Vorderingen Duitse Rijk te ’s Gravenhage’. Oer syn ‘houthandel en ijzerwaren en bouwmaterialen’. It ûnderwerp wie ‘Schuldvorderingen Duitse Rijk’. Hy krige in kreaze, mar ôfwizende typte reaksje werom. Achter dizze twa koarte briefkes giet in hiele histoarje skûl fan persoanlike en ynternasjonale machtspolitike ûntwikkelingen.
Globebeker Franeker_mrt25
Yn dit nûmer: Fryslân 2025-2

‘Verkoopen met beide handen tegelijk’

Materieel erfgoed yn besprek ropt hjoed-de-dei heftige emoasjes op. Oft it no giet om ferkeap, weromjaan of stellerij, lykas koartlyn út it Drents Museum. Eartiids waard it gewoan ferpatst. Sa ferdwûn in soad Frysk erfgoed út de provinsje, oant yn de njoggentjinde iuw beswieren kamen, lykas yn 1896 by foarnommen ferkeap fan de Frjentsjerter Globebeker út 1607. De boargemaster griep yn.