De moard op Walfridus en Radfridus

By har rôfoerfallen sloegen de Noarmannen de Fryske kust (Wezer oant Swin) net oer. Dêr foel in soad bút te heljen. Oer de skea oan minsken en materieel witte wy net folle, mar wy ha dochs in seldsum foarbyld út Bedum. Dêr waarden Walfridus en syn soan Radfridus, leauwige kristenen, op grouwélige wize fermoarde. Har grêven groeiden út ta beafeartsplakken mei elk in eigen tsjerke.
Moard by Cromharne

It wie dizich en kâld doe’t Antje Sjeerps op tongersdei 25 novimber 1762 om healwei alven mei bûter en apels op ’en paad stjoerd waard nei Gaast. Se soe der net oankomme en noait wer weromkomme. Se rûn David Elias tsjin it liif, dy’t him oan har fergripe woe, yn panyk rekke en in moard begie.
De vertellingen van Wilt Tjaarda.

Yn de yn 1982 bondele 34 semy-autobiografyske jeugdferhalen fan Theun de Vries fertelt syn alter ego Wilt Tjaarda fan de wrâld fan syn foarâlden. It is dreech fiksje en wierheid út elkoar te hâlden, mar dat wie ek de opset fan de skriuwer. Jan van Galen en Douwe Kootstra gongen op ûndersyk om de lokaasjes werom te finen.
Kamen de Friezen út Poalen?

Hoe binne de opfallende oerienkomsten tusken it Frysk en it Pommersk te ferklearjen? Kinne Dútske migranten yn Brazilië ús helpe om in taal te rekonstruearjen dy’t yn it ferline oan ’e súdlike Eastseekust sprutsen waard? In ûndersyk nei Pommerske migranten yn 1859-1887 nei de dielsteat Espirito Santo en harren taal kin helpe.
