
flnr Menno de Lange, Oeds Bijlsma en Joop Koopmans, foto troch Aron Weidenaar
Yn 2027 bestiet it Keninklik Frysk Genoatskip 200 jier. Dat jubileum wurdt fierd mei in tentoanstelling yn it Fries Museum. Op 27 novimber 2025 waard dêrta de gearwurkingsoerienkomst tekene troch Oeds Bijlsma, ynterim direkteur fan it Fries Museum, en Joop Koopmans en Menno de Lange (respektivelik foarsitter en ponghâlder fan it KFG). Yn de tentoanstelling, te sjen fan de simmer fan 2027 ôf, wurdst meinaam yn de rike sammelskiednis fan it KFG, dy't úteinlik laat hat ta it ûntstean fan it Fries Museum.
Yn de útstalling ûntdekst hoe't de brede kolleksje fan it KFG ta stân kaam is. Der binne topstikken te sjen, mar ek objekten dy't lang ûnderbeljochte binne bleaun, mar moaie ferhalen yn harren drage. Yn 2026 kin elkenien meidwaan oan in ferkiezing fan in te restaurearjen objekt út de rike kolleksje fan it KFG, dat taheakke wurde sil oan de tentoanstelling.
Skatkeamer fan Fryslân
Yn 1827 waard it Provinciaal Friesch Genootschap ter beoefening der Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde (no: Koninklijk Fries Genootschap / Keninklik Frysk Genoatskip) oprjochte. It genoatskip soe derfoar soargje dat de Fryske identiteit bewarre bleau troch it ûndersyk nei en de belangstelling foar de Fryske skiednis en kultuer te befoarderjen. Ta gelegenheid fan it 50-jierrich bestean fan it genoatskip waard yn 1877 de Historische Tentoonstelling van Friesland organisearre. Mei 30.000 besikers wie de eksposysje sa'n sukses, dat it Eysingahûs yn Ljouwert oankocht wurde koe. Dêrmei stiet it KFG oan de widze fan it Fries Museum, dat yn 1881 yn it Eysingahûs fêstige waard (mar úteinlik, yn 2013, nei it Wilhelminaplein ferhuze), en foarmet de samling fan it genoatskip noch altyd it fûnemint foar de kolleksje fan it Fries Museum.

