Jubileumpriisfraach foar it bêste histoaryske essay

logo fries genootschap

Yn 2027 bestiet it Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer / Koninklijk Fries Genootschap voor Geschiedenis en Cultuur (KFG) 200 jier. Ien fan de jubileumaktiviteiten is in wittenskiplike priisfraach foar it bêste histoaryske essay fan maksimaal 5000 wurden (ynklusyf annotaasje) oer in ûnderwerp út de skiednis fan de Friezen, Fryslân en/of de eardere Fryske lannen. De priis foar de winner is € 2.500, in oarkonde en publikaasje fan it stik yn it jierboek De Vrije Fries fan 2027.

It stik moat orizjineel ûndersyk befetsje en mei net earder publisearre wêze. It moat flot skreaun, oertsjûgjend en goed ûnderboud wêze. It essay kin skreaun wurde yn it Frysk, Nederlânsk, Ingelsk of Dútsk.
Dizze priisfraach is ornearre foar studinten en jonge ûndersikers oant 35 jier. De deadline om yn te stjoeren nei info@friesgenootschap.nl is 31 desimber 2026.

It winnende essay sil bekendmakke wurde op it jubileumfeest fan it KFG yn de hjerst fan 2027. Dan wurdt ek de priis útrikt.

Jubilee competition Royal Frisian Society 2027

Jubiläumswettbewerb Königlich Friesische Gesellschaft 2027