Hjerstekskurzje foar KFG-leden op 2 oktober 2025

Museum Opsterlan

Nei trije eardere edysjes kinne wy sa njonkenlytsen wol sprekke fan de tradisjonele hjerstekskurzje fan it KFG. Op tongersdei 2 oktober 2025 reizgje wy nei De Gordyk der’t wy te gast binne by Museum Opsterlân. Nei de ûntfangst yn it museum stiet in rûnlieding troch it sintrum fan De Gordyk op it programma. Al kuierjend krije wy in yndruk fan de ekonomyske aktiviteit yn de 17de en 18de iuw oan de hân fan tal fan bysûndere gevels. Wy komme ek lâns de stroffelstiennen dy't fertelle oer de skiednis fan 'e Joadske ynwenners. Dêrnei is in besite pland oan it Joadske begraafplak.

Programma
Untfangst om 13.30 oere yn Museum Opsterlân, Hoofdstraat 59, 8401 BW De Gordyk
Parkearen is fergees yn 'e buert fan it museum mei de blauwe skiif (maks. 3 oeren).
It Joadske begraafplak leit 3 km fan it museum ôf. Parkearje kin yn ‘e berm fan de Dwersfeart.

Oan leden dy't yn it besit binne fan in Museumkaart, it fersyk om dizze mei te nimmen.

Yn it foar oanmelde is nedich. Der is plak foar maksimaal 30 dielnimmers.

Dy’t earst yn ‘e roef komt, hat kâns fan plak.
Oanmelde foar 30 septimber 2025 fia info@friesgenootschap.nl