coversbladen

Publikaasjes

It útjaan fan publikaasjes oer Fryske kultuer en skiednis is al hast 200 jier ien fan de kearnaktiviteiten fan it Genoatskip.

Neist de periodiken De Vrije Fries (sûnt 1839) en Fryslân (sûnt 1995) binne noch tal fan oare útjeften troch of ûnder tafersjoch fan it Genoatskip útjûn. In oantal fan dizze útjeften is noch hieltyd te krijen.

It Keninklik Frysk Genoatskip jout ynsidinteel en beheind subsydzje foar it ta stân kommen fan (wittenskiplike) publikaasjes. Jo kinne in fersyk rjochtsje oan it sekretariaat. E-mail: info@friesgenootschap.nl