De sjyk fan Ljouwert

(28ste jiergong, nr. 3, maaie/juny 2022)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

De Spanjaardslaan en Noordersingel hearre ta de sjykste strjitten fan Ljouwert. Se stean ek wol bekend as de griene longen fan de stêd. Sûnt de 19de iuw stean hjir ymposante filla’s fan rintenierjende boeren as de Wassenaars, Rienxen en Bierma’s, dokterswenten fan bekende medisy as Straat, Pasma en Haykens, moai ticht by ‘har’ Diakonessenhuis, en bankdirekteuren as De Hoop Scheffer en De Greve. De filla’s, de parken, de bewenners: dizze ‘griene longen’ fertelle de letterlik rikere skiednis fan de stêd.
Syn swiere handicap (foar it grutste part ferlamme) wie foar Sibe Sipke de Jong gjin behindering om yn te setten foar de Fryske taal, en it Esperanto.
Hoe koenen skipsbouwers yn de 16de en 17de iuw sa fluch bouwe? Yn Harns is in rekonstruksje útfierd mei in opfallende útkomst.
Riedselachtich wienen twa buorden yn it Fries Verzetsmuseum. Der stienen teksten op fan Coen. Wie der in relaasje mei de oarloch? Mei de famyljes Hepkema en Tichelaar? Koartlyn is it mystearje oplost.

Fryslan mei juni 2022

Lêste online nûmers

Fryslan mei juni 2022