
KFG-Sieperda-sympoasium 2019: De legacy fan Redbad: Kening fan alle Fryslannen fan de midsiuwen ôf oant no
12 oktober 2019

Yn 2008 krige it Keninklik Frysk Genoatskip goed oardel miljoen euro út it erfskip fan mr. Syds Harold Sieperda (Assen, 16.01.1918 – De Haach, 30.01.2008), lid fan it Genoatskip en âld-presidint fan it Gerjochtshôf yn De Haach. Syn foarâlden kamen út de Súdwesthoeke. Hoewol’t er altyd bûten Fryslân wenne hat, fielde hy him tige betrutsen by it lân fan syn foarteam. Nei’t alles regele wie, hat it doetiidske bestjoer besletten om binnen de begrutting fan it Genoatskip in ‘Sieperda Fûns’ op te fieren en syn namme te ferbinen oan sympoasia dy’t it Genoatskip organisearret, faak yn ’e mande mei de redaksje fan De Vrije Fries en eventueel mei partners lykas de Fryske Akademy en it Histoarysk Sintrum Ljouwert.
Bekijk in het menu bij Symposium (onder Het Genootschap) welke symposia er tot nu toe zijn georganiseerd, wat het thema was en wie de sprekers waren.




info@friesgenootschap.nl
Leden fan it Frysk Genoatskip krije De Vrije Fries en Fryslân fergees thús. Boppedat is der fergees tagong ta it Fries Museum foar it lid en eventuele húsgenoaten.
© Koninklijk Fries Genootschap 2025

