
Op 8 april 2022 was het KFG-Sieperda-symposium met als thema: Fan nijsblêd oant podcast – over nieuwscultuur in Fryslân
De Fryske nijsmedia stienen jierrenlang ûnder druk troch ferlies oan abonnees, sjoggers en harkers. Mar troch ynternet en sosjale media binne nije mooglikheden ûntstien om in jonger en breder publyk te berikken. Sjoernalisten publisearje op safolle mooglik kanalen tagelyk en meitsje no ek nijsfideo's en podcasts. Op lokaal nivo is de sjoernalistyk libben en it docht bliken dat lokale omroppen en nijswebsiden in prima biningsynstrumint binne. Dy ûntjouwingen foarmje oanlieding om stil te stean by de nijsproduksje en nijskonsumpsje yn Fryslân, yn de lêste desennia. Watfoar nijs berikt de Friezen, yn watfoar foarm en lâns watfoar kanalen?
Sprekkers wienen: Sander Warmerdam (haadredakteur Leeuwarder Courant) – De regionale journalistiek: stand van zaken, Lysbeth Jongbloed (adviseur taalbelied provinsje Fryslân, promovearre op brûken fan Frysk op social media) – Frysk op sosjale media: de bottom-up taalemansipaasje fan de 21e iuw?, Bert de Jong (sjoernalist en inisjatyfnimmer Friese Mediacoöperatie) – Straatjongens en nieuwsbrengers: de dynamiek van de regionale journalistiek, Anne-Goaitske Breteler (histoarika, antropologe en skriuwster) – De âlde wrâld yn de nije media: de jonge generaasje en harren mediagebrûk, Wytse Vellinga (sjoernalist Omrop Fryslân en einredakteur lokale omrop LEO Middelsé) – De lokale omroep als basis voor nieuwe journalistiek, Ingrid Spijkers (haadredakteur Omrop Fryslân) – Fan radio en Insta, TV en YouTube: de krêft en macht fan kanalen.
De paneldiskusje wie mei Peter Halbersma (sjoernalist Friesch Dagblad), Anne-Goaitske Breteler, Marcel Broersma (heechlearaar media en sjoernalistike kultuer) en Ingrid Spijkers oer it tema: Hoe bliuwe de Fryske nijsmedia relevant foar de jonge generaasjes?

