
It Keninklik Frysk Genoatskip
It Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer, oprjochte yn 1827, wol it ûndersyk nei en de belangstelling foar de Fryske skiednis en kultuer befoarderje.
Wurd no lid fan it Keninklik Frysk Genoatskip
Keninklik Frysk Genoatskip
200 Fryske froulju fan de lêste 200 jier yn jubileumboek

Kolleksje útljochte
Yn de kolleksje fan it Frysk Genoatskip binne ûnder oare de pendantportretten fan Hylck en Frans van Eysinga troch Wybrand de Geest út 1634 en in soad stikken Frysk sulverwurk.

KFG-Sieperda-sympoasium op 10 april
It sympoasium giet oer 'It lân fan dream en winsken? Friezen en de Verenigde Staten (1776-2026)'. Dit jier is it 250 jier lyn dat trettjin Amerikaanske steaten har ûnôfhinklik fan de Britske monargy ferklearren. Yn Fryslân bestie daliks sympaty foar dat stribjen. In iuw letter sochten in soad Friezen in bettere takomst oan de oare kant fan de oseaan. Mear ynformaasje

Utjeften fan it Frysk Genoatskip
It Genoatskip twa periodiken út: it wittenskiplik jierboek De Vrije Fries en it histoarysk tydskrift Fryslân. Dêrneist hat it Genoatskip noch in tal oare aktiviteiten lykas ekskurzjes en lêzingen.

Wurd lid fan it Frysk Genoatskip
De wichtichste foardielen fan it lidmaatskip:
• It jierboek De Vrije Fries
• Seis kear yn it jier it histoarysk tydskrift Fryslân
• Fergees tagong foar it lid en eventuele húsgenoaten ta it Fries Museum

























