badplaats_west_mei23
Yn dit nûmer: Fryslân 2023-3

Fiif iuwen ‘badgasten’ op Skylge

Al fiif iuwen lûke belangstellenden nei Skylge, mar de massatoerist ûntduts it eilân net earder as nei de Twadde Wrâldoarloch. In heal miljoen minsken besiket no jierliks Skylge. Frisist Pieter Breuker publisearre op syn fakgebiet, oer keatsen, sportskiednis en it aaisykjen. Koartlyn ferdjippe er him yn de histoarje fan it toerisme nei Skylge.
tjibbe_meulen_mei23
Yn dit nûmer: Fryslân 2023-3

‘Fan jongs ôf oan flijde my it Frysk’

Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906) is wol in ‘nuveraardich hear’ neamd en in ‘sûnderling’, hy luts him yn elk gefal fan gjin ien wat oan. Hy kaam út de Wâlden mar fielde himsels in wrâldboarger. Syn toanielstikken waarden – ek lang nei syn dea – rûnom wurdearre. Mei syn foardrachten yn it Frysk hat er minsken in soad wille brocht op lange winterjûnen. Ferneamd (en berucht) binne de sydpaden dy’t er by it fertellen fan in ferhaal ynsloech. Oer in gefoelsminske mei in boartlike en fearkrêftige geast, dy’t skreau sa’t ‘it hert’ him ynjoech.
trijntje2_mei23
Yn dit nûmer: Fryslân 2023-3

Lytse kreamklinyk buffer foar de ‘babyboom’

Fuort nei de Twadde Wrâldoarloch komt in berteweach op gong dy’t ek yn Fryslân jonge âlden yn har faak suterige wenomstannichheden foar problemen stelt. Boppedat feroarje de ynsichten. Om de babyboom ek op it plattelân yn goede banen liede te kinnen, iepenje lytse kliniken yn doarpen. De lytste is fan 1948 oant 1951 fêstige yn Boyl (Weststellingwerf) en wurdt fersoarge troch ferpleechkundige Trijntje Donker-de Graaf. Har memoires en in pasjintelist sketse in learsum tiidsbyld.
Dolle_hond_mrt23
Yn dit nûmer: Fryslân 2023-2

Hycke Botes har wûnderdrankje tsjin hûnsdûmens

Hycke Botes betocht in krûdedrankje tsjin hûnsdûmens dêr’t yn 1731 de Steaten fan Fryslân it resept fan publisearren. We witte allinnich dat se út Ferwert kaam en in soan hie. Hûnsdûmens wie in probleem, yn Fryslân en op oare plakken yn Europa. Nei publikaasje rikte de rom fan har resept dan ek fier, al wie it fan tydlik aard.