De politikus

Willem Loadewyk spile in belangrike rol yn de Grinzer en Drintske skiednis, mar wat hie er yn Fryslân klearspile? Hy wie hjir in útsprutsen bemiddeler dy’t him foege nei syn plak as tsjinner fan de Steaten. It Hôf wie yn it bestjoerlik opsicht bûten byld rekke. Yn de einleaze strideraasje fan de Fryske polityk wie it wier in prestaasje fan formaat om alle kearen de goede oplossing te finen.
Bakker-politikus-bakker

Hoe komt in bakker út Minnertsgea ynienen yn de grutte polityk telâne en wêrom wurdt er dêrnei fan de iene dei op de oare wer bakker? Ale Ales Bakker (1745-1807) klom yn de begjinjierren fan de Bataafske Republyk op ta belangrike politike funksjes. It lân wie yn ûnstjoer en de patriotten lykje it pleit te besljochtsjen. Allerhanne ûnbekenden meitsje flitskarriêres. Mar har lot is wreed.
God ferstiet gjin Frysk

In man as in ikebeam yn it Fryske wâld, neamde syn freon Wumkes Sipke Huismans. Mar it tsjerklike fermidden fûn in dûmny mei Fryske idealen fierstente radikaal, hast gjinien woe him yn de pastorij ha. God ferstie gjin Frysk. Om’t de tsjerken dêr’t er dûmny west hie de stien betelle ha, gjin wurd oer syn fûle striid foar it Frysk.
Doarpsgek of boer

Salomon Levy, Jan Binnes en Eeuwe Ennes binne de bekende nammen fan it Kollumer Oproer (1797), mar oer de feroarsaker fan it Oproer, Abel Reitses, witte wy amper wat. Wat wie syn famylje-achtergrûn, wêr wenne er en hoe fergie it him nei it Kollumer Oproer? Resint ûntdutsen feiten lizze dy ynformaasje bleat.
