Oerlêst fan suvelfabriken

Oant yn de santiger jierren lieten tal fan suvelfabriken har ôffalwetter fuortstreame yn it omlizzende oerflaktewetter. Dat joech in protte oerlêst foar omwenners. Aksjes om de gefolgen te beheinen wienen healslachtich en it duorre oant begjin de njoggentiger jierren foar’t it definityf ophâlde. De measte fabriken wienen ferdwûn en de oaren wienen op it rioel oansletten.
Mislearre ûnderdûk?

Yn de moannen nei de befrijing komme tsientûzenen ferdreaune twangarbeiders, faak nei moannen-, soms jierrenlang lijen, nei hûs. Mar yn plak fan in waarm wolkom troch famylje wachtet in desepsje. De fermeagere, ôfmêde en hongerige manlju wurde mei erchtinken besjoen: wat hiene se dêr yn Dútslan wol neat útheefd?
In morele plicht

Wylst de alliearde troepen noch troch Fryslân lutsen, waard de Vereniging Friesland 1940-1945 oprjochte. Doel wie de soarch foar de neibesteanden fan oarlochsslachtoffers, mear spesifyk fan fersetsminsken. Yn meardere opsichten wie de Fryske sitewaasje hjiryn unyk. Sa binne der oant hjoed-de-dei twa Fryske Stichtingen.
Bliuwende kleasternammen

In soad kleasters meie dan letterlik fan de ierdboaiem ferdwûn wêze, tsientallen topografyske nammen dogge noch tinken oan de iens sa rike Fryske kleasterkultuer. De Olijfberg yn Westlik Kollumerlân, Sinaï tusken Earnewâld en Burgum, en de berch Thabor even noardlik fan Snits: eefkes sykje en fynst allegearre Bibelske nammen yn it hert fan Fryslân.
