Jentsje Sytema wie in 'geestigen spreker'

Jentsje Sytema was een 'geestigen spreker'

Njonken de bekende Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen fan it Winterjûnenocht wienen der mear dy’t mei har foardrachten winterdeis it folk fermakken en it Frysk ûnder de minsken brochten. Jentsje Sytema wie der ien fan, in lytse boer mei in grut talint foar it skriuwen.

Dûmnysdochter Frederike Rutgers

Johanna Frederike Rutgers (1846-1930) wie in dûmnysdochter, hie in skoft de lieding fan it Diakonessehûs yn Ljouwert, makke in reis nei Amearika, troude in swalker, skiede fan him, troude opnij en hie niget oan it spiritisme. In wrâldfrjemd frommeske.

De ‘zielenheilsmarkt’

Foar’t Fryslân yn 1580 oergie nei it protestantisme, wie ek hjir it sieleheil fan ferstoarnen fan wêzentlik belang. Ek bûten Aldersielen waard drok bidden foar de deaden. Der bestie sels in soarte fan midsiuwske memoarjekultuer, dêr’t it bidden wol by útbestege waard. Foar jild fansels; it heil mei wat kostje. Hoe siet dat eins?

Melkers foar Dútslân

Yn de bloeitiid fan it Dútske keizerryk, de desennia om 1900 hinne, sûge de yndustry suver it arbeidersfolk fan it plattelân. Oeral kamen se wei, ek út Nederlân, yn 1910 sa’n 144.000. Fryske arbeiders follen benammen de gatten op dy’t op Dútske buorkerijen foelen. De Friezen stienen bekend as bêste melkers.