'Leeuwarden' yn de East

Op koloniale kaarten fine we foar de kust fan Ceram twa kear in bekende namme: Leeuwardens Droogte en Leeuwardens-eiland. De oarsprong derfan leit yn de 17de iuw, de tiid fan de VOC. Wierskynlik hat skipper Willem de Vlamingh de namme fan syn skip, de ‘Leeuwarden’ op dat plak fêstlein. En Georg Rumphius dan?
Domela as held

Foar arbeiders, boeren en ambachtslju wie Domela de held fan de hoop. Echt wie it leauwe dat it ta in revolúsje komme soe, dat dan de heilsteat ûntstie. En dan kin it âlde hynder fan it trekskip plak meitsje foar Harinxma – ‘en dan giet de swipe deroer’.
It Domelaspoar werom

Op 17 augustus 1890 wie op in stik lân yn ‘t Meer, tusken It Hearrenfean en De Knipe, in ferneamd wurden meeting. It wie it wurk fan mûnder Yme Kuiper en boer Pier Haitses de Vries, oanhingers fan Domela. Har paden soenen elkoar faker kruse.
Domela-oord yn Beekbergen

Yn 1931 rjochte it Nationaal Arbeids-Secretariaat by Beekbergen it Ferdinand Domela Nieuwenhuis-oord op. It funksjonearre mei hoarten en stjitten in desennium, kaam yn de oarloch yn partikuliere hannen en ferdwûn. Inkeld wat snústerijen binne noch oer.
