
Drank: misbrûk en bestriding
(17de jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2011)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Dit nûmer fan Fryslân hat in tema dat hjoed-de-dei in soad minsken oansprekt: drank, en dan benammen misbrûk dêrfan. De artikelen binne histoarysk, net allinne omdat Fryslân in histoarysk blêd is, mar ek troch it folslein oare karakter fan it drankprobleem yn benammen de 19de iuw, ferlike mei no.





