Wybrand syn seldsume freoneboek

Foar (keunst)histoarisy wurket in egodokumint as in toverstokje om tichter by it ferline te kommen. De magy leit minder maklik foar it gripen as it om portretskilder Wybrand de Geest (1592-1663/65) giet. Gelokkich hat Tresoar it unike album amicorum fan de portretskilder, dat no yn it Fries Museum yn de Wybrand-tentoanstelling opnommen is.
Fryske Froulju: Hendrika Troelstra

Lykas har broer Piter Jelles, hat ek Hendrika Troelstra (1867-1944) in soad út ’e wei set foar de sosjalistyske beweging. Se wie in aventoerlike en ûndernimmende frou, dy’t yn Berlyn en Londen wurke hat. Se koe bekende revolúsjonêren lykas Rosa Luxemburg en Karl Liebknecht. Letter wenne se mei har man Klaas Brok yn it ivich earmoedige Drinte en rekke dêr ûnder de tsjoen fan de Sovjet-Uny.
Histoaryske atlas fan 'it oare Fryslân'

Op 11 oktober ferskynt de Historische Atlas van Zuidoost-Friesland. Yn 35 ûnderhâldende spreads mei prachtich byldmateriaal skine auteurs Meindert Schroor, Bert Looper en Dennis Worst har ljocht oer it part fan Fryslân dat we oer it algemien fierstente min sjogge: de súdeasthoeke. Fryslân beseach de atlas alfêst en keas ien fan de tema’s – de adel en de bebosking – as foarpublikaasje.
Fries Landbouwmuseum op in krúspunt

Yn it jier dat it 100 jier bestiet, fiert it Fries Landbouwmuseum yn Ljouwert de weriepening as grutste agrarysk museum fan it lân. De driigjende subsydzjefal dy't boppe de histoaryske pleats by Goutum hong, is foarearst ôfwend wylst de nije Ljouwerter wyk Middelsee om it museum hinne ta stân komt. Direkteur Peter Wester sjocht werom en set in nije koers út en dielt syn fyzje.
