Fryske grêfstien as primêre boarne

ankeiler grafzerken jan26

Hoewol’t je der yn in tsjerke meastal oerhinne rinne, binne grêfstiennen primêre boarnen. Se toane benammen hoe’t de ferstoarnen yn it libben stien hienen en hoe’t se dat der oan har weromtocht wurde soe. Fryslân is bysûnder ryk oan prestizjeuze grêfstiennen, sa skriuwt Trudi Brink, dy’t der by de Fryske Akademy promoasjeûndersyk nei docht.

Fryske tsjerke-ynterieurs op de skeppe

ankeiler gewelfschilderingen jan26

De Reformaasje hie enoarme gefolgen foar midsiuwske tsjerkegebouwen, ek yn Fryslân. Ynterieurs waarden ‘suvere’ fan ûnderdielen dêr’t grifformearden argewaasje fan hienen. Jan Dirk Wassenaar en Marco Blokhuis publisearren Het kerkinterieur op de schop. Wassenaar giet yn op de fraach wêr yn Fryslân noch religieus erfgoed fan foar de suvering te finen is.

200 Fryske Froulju: skriuwster Madzy

ankeiler madzy jan26

Jantsje Terpstra (1876-1941), dy’t publisearre ûnder de skûlnamme Madzy, makke oan it begjin fan de foarige iuw namme as skriuwer fan fersen en reisferhalen. De Fryske Beweging wie tige mei har wurk op it skik, as foarbyld foar oare jonge skriuwers. Mar nei in pear jier ferfear Madzy nei it fiere bûtenlân, skreau gjin Frysk mear en waard fergetten.

‘Cichorei yn ’e kofje, earmoed op tafel’

ankeiler cichoreiplant jan26

Kofje drinke is in graadmjitter foar wolfeart yn de achttjinde en njoggentjinde iuw, sa beskreaunen we yn Fryslân 4-25. Wa’t it net betelje koe, beskikte oer sûkerei. It die bliken dat de brânde woartels fan de sûkereiplant op de smaak fan kofje like. Kweek en ferwurking dêrfan waard in grutte yndustry. De sosjale skiednis fan in bysûndere plant.