1672/73 troch de eagen fan Schoemaker

Atlas Schoemaker 1366

Op hege leeftiid besleat Andries Schoemaker de rampjierren 1672 en 1673 te beskriuwen. Hy besocht de oarden dêr’t de Frânsen en Münstersen húshâlden hienen, beskreau en tekene se. Hy rieplachte boarnen fan tiidgenoaten en reizge koart foar syn dea noch nei Fryslân.

Wurkferskaffing tsjin de earmoed

Harkema heidehut Trijntje Boersma 1366n

Yn 1895 wie in nasjonale aksje foar wurkferskaffing, omdat it min mei Fryslân gie. De lânboukrisis en de delgong fan de feanterij brochten grutte earmoede. By de aksje yn Haskerlân, Ængwirden en Skoatterlân wienen Jan Hendriks Pasma fan Haskerdiken en Hantje Frânzes Pasma fan Nijbrêge belutsen.

'Roddel en achterklap' by it hôf

juw van eysinga 1366

Typearjend fan in aristokratysk hôf is de oanhâldende ‘roddel en achterklap’. Dat jildt grif foar it hôf fan de Fryske stedhâlders yn de 17de iuw. Willem Frederik van Nassau hie de hannen fol oan de op eare en macht beluste Fryske adel.

Alderminst revolúsjonêr

onno sytstra2 1366

Onno Sytstra (1858-1939) wie gjin strider lykas syn heit Harmen. It gie him al gau te gysten. De revolúsje fan de Jongfriezen moast er dan ek neat fan hawwe. Sa kaam er yn it kamp fan de konservativen en rekke as Frysk beweger yn it ferjitboek.