‘Een Friesche eerezaak’

Richthofen R1 R10 HAY 4735 nov22

De grutste kolleksje hânskriften mei Aldfrysk rjocht op de wrâld wurdt troch kenners as de saneamde Richthofenkolleksje koestere. Lang net alle Friezen binne bekend mei dizze topkolleksje. Heech tiid it spannende ferhaal derachter te fertellen, út de boezem fan de spesjale ûndersyksgroep Pastei.

Reizen fan de Sperwer

De Sperwer nov22

Ien fan de bêste skippen dy’t ‘Eeltsjebaas’ Holtrop boude, wie de boeier de Sperwer. De opdrachtjouwer, Carl Jurrjens, wûn der in soad prizen mei. Yn de jierren tritich kaam it skipke yn hannen fan de Britske avonturier Merlin Minshall. Syn tochten troch Europa binne foer foar in filmskript.

De taaie striid fan de lânpachters

AV72 nov22

It measte Fryske boerelân wurdt pachte. Dat makket de boer ôfhinklik fan de kluchten fan de eigener, faak tsjerkfâden, fersekerders en rike partikulieren. It duorre desennia foardat fan de oerheid in bettere rjochtsbeskerming kaam. Dêryn spile de Bond van Landpachters, in iuw âld, in sterke rol.

Hoe Frysk is Feyenoord?

feijenoordkaarteind16de nov22

De fuotbalklup Feyenoord ûntlient syn namme oan de wyk Feijenoord. Dy namme waard om de 15de iuw hinne foar it earst oanjûn as skoar, in klaaiïge opwaaks, dat as in eilân yn de Nieuwe Maas lei. Der gean allegear ferhalen rûn dat de namme ôflaat wêze soe fan de Fryske mansnamme Feije/Feye.