Tusken griene longen en stedsgrêft

Rengerspark 1924 Leeuwarden

Spanjaardslaan en Noordersingel hawwe in yntrigearjende skiednis. Ien dy’t begûn mei de Tachtichjierrige Oarloch. Mei de oanlis fan parken waard dizze westrâne fan Ljouwert yn de 19de en 20ste iuw in favoryt wenplak foar rintenierjende boeren, doktoaren en bankdirekteuren. Dy hienen wol wat sinten oer foar in fraaie filla.

It geheim fan Coopersburg

Tombe Folkert Harmens Kuipers

It ferhaal fan Folkert Kuipers en ‘syn’ Coopersburg yn Akkrum is bekend. Minder bekend is it mausoleum foar Folkert en syn leave frou Nettie de Graaff. It mausoleum is yngreven restaurearre, wêrby’t de dekplaten fan de grêftombes lichte waarden. Kloppet it ferhaal dat de kisten eins net pasten?

Hoe bou ik in skip?

Barentsz expeditieschip

Iuwenlang wie it in riedsel hoe’t Nederlanners yn de 16de en 17de iuw safolle flugger en goedkeaper as op oare plakken skippen bouwe koenen. Yn Harns is oan de hân fan in pear boarnen it plan opfette sa’n skip nei te bouwen. De inisjator, Gerald de Weerdt, fertelt hoe’t dat yn syn wurk gie en lûkt konklúzjes oer syn foargongers.

Riedsel fan de buorden

Wandborden aardewerk Makkum Jan Pieterszoon Coen

Desennia lang bewarret it Fries Verzetsmuseum twa buorden mei teksten fan Jan Pietersz. Coen. Mar net ien wist wat se betsjutten, wêr’t se wei kamen, wat de famyljes Hepkema en Tichelaar dermei te krijen hienen. Oanhâldend speurwurk ûntraffelet de ôfkomst.