De Fryske houtfarders

De seefarrende Nederlânske gewesten hienen yn de 16de iuw in enoarm ferlet fan hout. De eigen bosken skeaten tekoart, dêrom waard it hout helle yn de Ardinnen, Dútslân en Skandinavië en it Eastseegebiet. Under de Nederlânske houttransporteurs spilen benammen de Fryske skippers in opfallend aktive rol.
De dekte tafel

Ut Fryske aadlike famyljes is prachtich borduerd bêdeguod en kessenslopen en de moaiste en meast bysûndere sets tafellinnen bewarre bleaun. Bygelyks dy fan de skoansusters Lucia van Eysinga en Lucia van Meckema. Se litte sels nije dessins ûntwikkelje en ek dêryn har nammen en wapens weevje.
De Broekster swannekrite

It gebiet dêr’t ien swannen hâlde en der op jeie mei, hjit swannekrite. Dy rjochten besteane net mear en it wie in hiele puzel om út te sykjen wêr't de grinzen fan de Sickinga of Broekster swannekrite leinen.
Popma syn bylden

Keunstner Jentsje Popma hat in tal stânbylden makke fan histoaryske Fryske figueren, dy’t syn fakmanskip goed sjen litte. Hy hie graach mear makke, mar lang net altyd gie yn Fryslân de opdracht foar in byld nei in provinsjale keunstner. Popma koe him dêr bysûnder lilk oer meitsje.
