Rôf mei in sturtsje

Yn desimber 1703 rûn in Ingelsk skip fêst op it strân fan it letter ferdwûne West-Flylân. De befolking stoarte him op de rike lading, mei goud, sulver en diamanten. Dit wie gjin bútsykjen mear, dit wie rôvjen. It Hof van Holland ûndersocht de saak, dy’t gie om it besit fan in wichtige Dútske fjildmaarskalk. De ferhoaren fan de swijsume befolking binne no bekend.

It gea fan Sterke Hearke

Wytse Sikkema, oarspronklik fan it Bouwekleaster, hat yn it ramt fan syn stúdzje lânskipsskiednis ûndersyk dien nei de toponimen fan syn berteplak, Bouwekleaster. Dit Buweklooster of Bomkleaster is yn de 13de iuw stifte troch in Buwe (fan De Harkema). It (fean)gebiet dat derby hearde, wie grut en rûn fan flak ûnder Lytsepost by de Ald Ried yn it noarden oant De Rottefalle yn it suden.

Dreambyld fan Fryslân

11

Assien Bohmers is in apart figuer út de archeology. Hy kaam fan Zutphen, mei Dútske foarâlden, mar hy fielde him oant yn it ridikule in Fries. Mooglik woe er dêrmei tsjinoer de Dútske besetter posysjes krije yn de archeologyske wittenskip. Dat slagge, en hy boude in namme op, foaral by de Ahnenerbe, mar sil altyd mei nazi-sympatyen assosjearre wurde.