Op dit plak fertelle we ferhalen by bysûndere kolleksjestikken.
Geregeld ferskine hjir nije ferhalen.

Tipeltange
Is dit in yngewikkeld stik ark? Of in martelark? It is gelokkich wat aardichs, alteast ast fan puzels hâldst. De namme is in oanwizing, want tipelje betsjut fimelje, nifelje, tyspelje. En fimelje moatst wis wol mei dit objekt! En dan is dit noch in ienfâldige fariant. Se binne der ek mei sân of njoggen ringen. Om de puzel op te lossen moatst tsientallen hannelingen ferrjochtsje: alle ringen moatte derôf, en yn omkearde folchoarder wer op de hâlder. It is in iuwenâld spul dat yn it âlde Sina spile waard, en yn de santjinde iuw ek yn de Republyk. Noch hieltyd wurdt dit spultsje ferkocht, meastentiids is it dan fan hout makke. Allinnich geskikt foar de puzelleafhawwer mei in soad geduld!

Portret fan de soannen fan de keunstner, Haye en Binne, tekenjend oan tafel
Dit liket in sjenrestik, mar eins sjogge we hjir in yntym portret fan de twa bern fan skilder Willem Bartel van der Kooi. De bern tekenje: de appel falt net fier fan de beam. Willem Bartel bringt syn beide jonges allinne grut: syn frou Jetske is yn it kreambêd fan it tredde jonkje stoarn, krekt as de poppe.
Willem Bartel van der Kooi is sels as bern sljocht fan tekenjen. Hy kin fan syn hobby syn wurk meitsje: hy wurdt 'Lector in de Tekenkunde' oan de Frjentsjerter universiteit en de suksesfolste portretskilder fan Fryslân. Hy portrettearret adel en de high society en sels de kening, faak op grut formaat, mar dit lytse doek mei syn eigen jonges is troch de ienfâld en yntimiteit krekt sa prachtich.

Aquamanile
Aquamaniles binne typysk foar de midsiuwen en hawwe meastentiids de foarm fan fabeldieren of adellike ferskiningen, lykas draken, liuwen, hynders of ridders op it hynder. Se waarden troch rike minsken brûkt om de hannen te waskjen foar en nei it iten (at jo net konsekwint jins iten mei in foarke nei de mûle bringe, dan moatte jo nei it iten ek de hannen waskje...). Prysters brûkten aquamaniles om de hannen te waskjen foar it Hillich Nachtmiel.
Dit aardich iere eksimplaar is sober bewurke en hat de meast foarkommende foarm: de liuw. As kening fan de bisten is de liuw in symboal foar macht en oansjen.

Portret fan Ymck van Paffenrode
Ymck hite eins fan Ammerentia, mar dy namme is yn de rin fan de iuwen yn ûnbrûk rekke. Dêrom hawwe guon ûndersikers Ymck foar in jonge oansjoen. Dat sy wis wol in famke is, kin men sjen oan de waaier, in wier froulik attribút. Har kostúm is ryk fersierd. Op har rok sjogge wy sels tulpen. Dat is nijsgjirrich, want krekt yn 1634, it jier dêr’t de achtjierrige Ymck yn portrettearre waard, wie de populêrens fan de tulp yn opmars yn de Nederlannen, wat einige yn de spekulaasje yn tulpebollen. De tulp dûkt op yn keunst en klean. Mooglik wol de famylje Van Paffenrode mei dizze djoere berneklean sjen litte goed op ’e hichte te wêzen fan de lêste ûntjouwingen yn de moade.