In Hylper seereis

(22ste jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2016)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Yn Museum Hindeloopen hinget it 18de-iuwske skilderij 'De ree van Hindeloopen' fan G.S. Hutting (sjoch omslach), mei dêrop twa skippen mei drokte oan board. Dit byld fan de ree fan Hylpen is ús frjemd en prikkelet de fantasy: wêr gienen dy skippen hinne?

Liken as hûnefretten

(21ste jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2015)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Der giet net in dei foarby of der stiet wol in archeologyske fynst yn de krante. Wat dêrby opfalt, is dat se almar spektakulêrder lykje te wurden: gefolch fan de ek yn dy kant fan wittenskip trochgeande publikaasje-'rat race'?

'Doodendraad' - Dútske stroomtried kostet ek Fryske libbens

(21ste jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2015)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Tusken april en augustus 1915 luts de Dútske besetter fan België in 350 kilometer lang triedstek, ûnder 2.000 Volt spanning, lâns de grins mei Nederlân. Dizze 'Doodendraad' sit net mear yn ús ûnthâld. 'Den draad' hat lykwols ek Fryske libbens koste; dêroer yn dizze Fryslân in ferslach fan Kees Bangma.

Dage fan de moderne tiid

(21ste jiergong, nr. 4, july/augustus 2015)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Op 20 juny 1789 begjint de Frânske Revolúsje dy't foar hiel Europa, en dus ek Fryslân, grutte gefolgen ha sil. Uteinlik docht bliken dat maatskippij en oerheden skoksgewiis in nij tiidrek ynkatapultearre binne, mar ûnderwilens wienen de ferskrikkingen fan de napoleontyske oarloggen dy't Europa yn earmoed stoarten.

Maria Louise-jier

(21ste jiergong, nr. 3, maaie/juny 2015)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

It is 250 jier lyn dat Maria Louise, lângrevinne fan Hessen-Kassel (1688-1765), yn Ljouwert stoar. Nei har houlik mei Johan Willem Friso, de Prins fan Oranje, mocht sy har Prinses fan Oranje neame. Maria Louise, sûnt de 19de iuw oantsjut as Marijke Meu, wie al jong widdo; har man ferdronk yn 1711 yn it Hollandsch Diep.

Frysk filmysk erfgoed

(21ste jiergong, nr. 2, maart/april 2015)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

De âldste films dy't yn Fryslân makke binne, datearje út de jierren tsien fan de foarige iuw. It binne losse peareltsjes en skrille kontrasten mei de stream technysk perfekte digitale bylden fan no. It bewarjen, konservearjen en ûntsluten is in moaie taak fan it Fries Film Archief.