Sterke, altyd skreppende, rêsteleaze idealist

0010 jan24

Rudolf Wilhelm Canne (1870-1931) wie fan grutte betsjutting foar de fernijing fan it Frysk toaniel. Yn syn wurk is neffens guon de geast te fernimmen fan in nije, moderne tiid. As Fries om utens wie er ek tige warber foar de Fryske krite yn Amsterdam en reizge er geregeld nei Fryslân foar gearkomsten fan it Frysk Selskip. Portret fan in moedich, striidber minske.

Fryske prestiizje troch in Frânske topkok

SK A 4646 jan24

Kulinêre prestaasjes spilen in grutte rol yn de statuer fan it Stadhouderlijk Hof yn de 17de en de 18de iuw. Ien persoan falt dêrby op, de Frânske topkok Vincent La Chapelle. Hy fergrutte it prestiizje fan steedhâlder Willem IV mei syn itensiederskeunsten, skreau twa ferneamde itensiedersboeken en ûntwikkele sels in tal ‘Fryske’ resepten. Om noch mar te swijen fan syn rol yn de tolve jier duorjende ûnderhannelingen oer in houlik mei de Ingelske prinses Anna van Hannover.

Fryske pleatsen wize it paad nei komôf en houtfeart

paneelschilderij jan24

It dendrogronologysk datearjen fan de byntkonstruksjes fan Fryske pleatsen smyt skatten oan ynformaasje op. Net allinnich oer de âlderdom fan it bouhout, mar ek fan de komôf, as fysike wjerslach fan de iuwenlange houtfeart op Súd-Skandinavië en om de Eastsee hinne. Nije ûndersyksgebieten, lykas hout foar keunstwurken, lonkje sels, sa fynt Paul Borghaerts.

Gatten yn de sletten geast fan it plattelân

Anne Goaitske Breteler jan24

Psychiater Alexander Keijzers fan it MCL sette kultureel antropologe en publykshistoarika Anne-Goaitske Breteler oan it tinken oer fûnemintele ferskillen yn de psyche fan minsken út ‘de stêd’ en dy fan it plattelân. Hy sette mei syn opmerking ‘dêr soe ris in antropolooch nei sjen moatte’ har op it spoar fan har nije boek dat meikoarten útkomt: De laatste dagen van de dorpsgek, in brede stúdzje nei de geastlike sûnens op it plattelân. Dit is it fjirde en lêste part yn ús searje oer de Fryske sûnenssoarch.