Ryk fersierde winskbrieven

MJ Wensbrief PS Keverling 1846

Museum Joure hat fjouwer 19 de-iuwske winskbrieven, troch skoalgeande bern skreaune lokwinsken foar âlden by bysûndere gelegenheden. De sosjale komôf fan de skriuwers fariearret fan de soan fan in boerefeint oant jonges út in ynfloedrike middenstânsfamylje. Wêr hellen sy har ynspiraasje wei en wat leare we derfan?

‘We hebben samen álles gedragen’

N30051000149499 0001

It houlik fan Mietje Hoitsema (yn 1847 berne yn Britsum) en Jan Rutgers )yn 1850 berne yn Hallum) wie earder in saaklike ferbyntenis as ien út leafde, mar tegearre soenen se in grutte bydrage leverje oan maatskiplike feroaringen yn Nederlân. Jan, nei wa’t de Rutgershuzen neamd waarden, as foarfjochter foar it brûken fan antykonsepsje en Mietje as fûl strider foar frouljusrjochten. Doeke Sijens portrettearret it opmerklike pear.

‘De boer op’ mei Roelof Baron

foto heit 1200 dpi

Lange tiid is it in fertroud byld op it Fryske plattelân: in feehanneler ûnderweis nei boeren. Troch de feroaringen yn de agraryske sektor is dat byld ferdwûn. Roelof Baron (1913 -1994) wie ien fan har en oait in bekende ferskining op boerehiemen yn Súdeast-Fryslân en op feemerken. Syn dochter, histoarika Minie Baron, sketst heit yn in persoanlik portret en beskriuwt mei him in útstoarne beropsgroep dy’t ‘de boer op gie’.

Memoires oer de oarloch

BevrijdingFront

Een intrigerende, handgeschreven tekst in een exemplaar van het herdenkingsboek Bevrijding over de overval van 8 december 1944 in de Blokhuispoortgevangenis, wekte verwondering bij sneuper Tjitte Brouwer die het aantrof in de kringloopwinkel. De tekst leidde naar de geschiedenis van de Leeuwarder verzetsman Sietze Jonker. Gosse Beerda schrijft over Jonkers bijzondere persoonlijke verhaal.