
De Byldestoarm
(22ste jiergong, nr. 5, septimber /oktober 2016)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Al hoe krúsjaal de Byldestoarm foar de skiednis fan de Lege Lannen wie, we witte noch hieltyd net goed wêrtroch’t dy feroarsake is. De stekflam dy’t yn 1566 yn Steenvoorde ûntstutsen waard en rap nei it noarden luts, ûnderweis hûnderten tsjerken ferwoastigjend, wie gjin opwâling fan it grifformearde leauwe dat samar opkaam.

Heabroei
(22ste jiergong, nr. 4, july/augustus 2016)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Boeren ûngetiidzje net mear en dêrmei liket it begryp heabroei thús te hearren yn de skiednis. Fansels bestiet it ferskynsel noch hieltyd, mar lang net mear sa algemien as yn de jierren fyftich-sechtich. De ellinde dy’t it mei him meibrocht, is navenant ôfnommen.

Baanbrekkend pleatse-ûndersyk
(22ste jiergong, nr. 3, maaie/juny 2016)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Byldbepalend ûnderdiel yn it Fryske lânskip is de boerepleats, sûnt lange tiid it stoere beaken fan sosjale, ekonomyske mar ek lânskiplike gearhing. Mar de pleatsen meitsje yn rap tempo plak foar boerderettes en smelle feeloadsen.

Dramatyske klap op Murns
(22ste jiergong, nr. 2, maart/april 2016)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Goed santich jier nei de Twadde Wrâldoarloch is der noch altyd belangstelling foar. Nije oarlochsmusea (der is in Holocaustmuseum yn Amsterdam yn oprjochting), in net te stopjen stream boeken en ek ûndersyk nei de fleantugen dêr't in soad fan delstoart binne.

In Hylper seereis
(22ste jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2016)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Yn Museum Hindeloopen hinget it 18de-iuwske skilderij 'De ree van Hindeloopen' fan G.S. Hutting (sjoch omslach), mei dêrop twa skippen mei drokte oan board. Dit byld fan de ree fan Hylpen is ús frjemd en prikkelet de fantasy: wêr gienen dy skippen hinne?

Liken as hûnefretten
(21ste jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2015)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Der giet net in dei foarby of der stiet wol in archeologyske fynst yn de krante. Wat dêrby opfalt, is dat se almar spektakulêrder lykje te wurden: gefolch fan de ek yn dy kant fan wittenskip trochgeande publikaasje-'rat race'?
