Fryslan juli aug 2011

De Fryske Ko

(17de jiergong, nr. 4, july/augustus 2011)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

It is mar goed dat it ferneamde brûnzen byld fan ús mem yn Ljouwert op in sokkel stiet, dan liket dizze oer-Fryske ko noch in bytsje ymposant. Se is eins mar in lytskenien. Sok praat moast begjin jierren fyftich, doe't oer de foarm fan it byld neitocht waard, net hawwe.
Fryslan mei juni 2011

Seks: lêst en lust

(17de jiergong, nr. 3, maaie/juny 2011)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

In opfallend, âld keunstwurk út de Koninklijke Bibliotheek siert it maaie-nûmer fan Fryslân. De makker fan de gûasje yn it liber amicorum fan Juw van Harinxma út 1625 soe wol nuver opsjen as er syn wurk weromsjocht op in tydskriftomslach mei as tema-titel "Seks".
Fryslan maart april 2011

It wetter komt!

(17de jiergong, nr. 2, maart/april 2011)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

De maartedysje fan Fryslân giet oer wetteroerlêst. Dat is in "ivich" aktueel tema yn Fryslân. Gean mar nei: it langste stik bûtengrins is wetter, oant de oanlis fan de Ofslútdyk (eins 'Ofslútdaam') sâlt wetter. En dan hat de Fryske boaiem ek noch in ûnhandich reliëf.
Fryslan jan feb 2011

Drank: misbrûk en bestriding

(17de jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2011)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Dit nûmer fan Fryslân hat in tema dat hjoed-de-dei in soad minsken oansprekt: drank, en dan benammen misbrûk dêrfan. De artikelen binne histoarysk, net allinne omdat Fryslân in histoarysk blêd is, mar ek troch it folslein oare karakter fan it drankprobleem yn benammen de 19de iuw, ferlike mei no.
Fryslan november 2010

Banken – sparje en liene

(16de jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2010)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Us foarâlden wienen lang net sa deeglik as wy tinke. Spil- en spekulaasjesucht wienen ûndeugden dy't ûnder de gegoede Nederlanners rom ferspraat wienen. De Maatschappij tot Nut van 't Algemeen, in ideële ynstelling, begûn yn de 19de iuw mei it propagearjen fan it sparjen en rjochte dêrfoar sparbanken op.
Fryslan september 2010

De loft yn!

(16de jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2010)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

De ‘loftfeart’ yn Fryslân stelt dochs wol wat mear foar as tinkst en waaieret út nei moaie ferhalen. Fansels, de basis Ljouwert mei syn rûzige oarlochsskiednis, de Jouster ballonfeesten, de lytsere fleanfjilden Amelân/Ballum en Drachten, mar ek de helikopter-rêdingstsjinsten, de sweeffleaners, modelfleaners en tsientallen Fryske bedriuwen dy't de kost fertsjinnen mei loftfeart.