
Beskamsume marine
(27ste jiergong, nr. 3, maaie/juny 2021)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Wie de marine fan de Republyk yn earder iuwen in wrâldmacht dêr’t men ûntsach foar hie, ein 18de iuw wie fan dy reputaaseje net folle oer. It lân wie beset troch Frânske revolúsjonêre troepen en om har in ho ta te roppen, foelen Ingelske en Russyske troepen yn augustus 1799 de Noard-Hollânske kust oan.

Skrikke yn Japan
(27ste jiergong, nr. 2, maart/april 2021)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Yn it oant fier yn de 19de iuw ekstreem sletten Japan hienen Nederlanners by hege útsûndering in hiel lytse hannelspost: Deshima. Yn 1809 waard Jan Cock Blomhoff dêr magazynmaster, letter ‘opperhaad'. Syn frou wie Titia Bergsma, berne oan de Nijstêd yn Ljouwert. Titia har oanwêzichheid yn Japan wie in sensaasje: wie in bûtenlanner yn Japan in ‘bezienswaardigheid, in froulike bûtenlanner wie net earder sjoen.

Lutske, de widdo fan Dekema
(27ste jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2021)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Samar krige Yme Kuiper wat te hearren oer in hiel bysûnder skilderij fan Lucia van Unia, yn partikulier besit. Yn Fryslân leit er út wat it skilderij ús fertelt oer de Fryske aadlike wrâld healwei de 18de iuw. Oer opnij trouwe, oer opdrachtskilderje by in rite de passaazje sa’t de jonge widdo Lucia trochmakke en foaral: hoe seach har Dekema State der yn 1661 út?

Fryske marine
26ste jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2020
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
It typysk Nederlânske gebrek oan histoaryske kennis is mei reedlik sukses yn it ûnderwiis bestriden mei it ynfieren fan saneamde 'kanons’. Lytse ferhalen, ûnmisbere ‘finsters’ op de skiednis. Sa’n kanon is der no ek foar de Marine.

Treflik mar fergetten
(26ste jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2020)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Greef Willem Loadewyk, omkesizzer fan Willem van Oranje, waard op 23-jierrige leeftiid yn Fryslân syn saakwaarnimmer en nei de moard op Oranje steedhâlder. Dy jeugdichheid plus de gaoatyske omstannichheden – folop oarloch mei de Spanjerts, in tsierderige bestjoerskultuer, oprinnende religieuze spanningen – ferhegen it risiko op spul.

Nei it Easten!
(26ste jiergong, nr.4, july/augustus 2020)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
It ûnder de foet rinnen fan westlik Ruslân yn 1941 like foar de Dútsers alle kâns te bieden de dream fan Lebensraum ynfolling te jaan. Dêr koene se goed Germaanske ‘broedervolken’ by brûke.
