Cover Fryslân mei juni 25 Lowres

Fan Frysk museumdoarp tot Fryske froedfroulju yn de krisisjierren

(31ste jaargang, nr. 3, mei/juni 2025)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Fryslân dûkt yn de plannen foar in iermidsiuwsk Frysk museumdoarp. It tij dêrfoar is no geunstich, sa bepleitet Han Nijdam, histoarysk-wittenskiplik adviseur út namme fan de Fryske Akademy. It temapark Magna Frisia fertelt it ferhaal fan iermidsiuwsk Frisia, dat neffens Nijdam nei desennia ôfwêzigens op it paad werom is as drager fan in nij kultureel selsbewustwêzen.
Cover Fryslan ma apr LR2025

Tachtich jier befrijing

(31ste jiergang, nr. 2, maart/april 2025)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Fryslân bringt yn dizze edysje in special fan trije artikels yn it ramt fan 80 jier befrijing. Nei oanlieding fan de eksposysje ‘Twadde thús’ yn Tresoar oer evakuees en har Fryske gastgesinnen yn de oarloch, beskriuwt haadredakteur Herman Broers it bysûndere oarlochsferhaal fan syn eigen mem, Greetje Huksloot. Dy kaam út it bombardearre Rotterdam wei nei Oerterp. Yn tsjinstelling ta tûzenen oaren is sy de rest fan har libben bleaun en Friezinne wurden.
cover Fryslan jan feb 2025

Sietze Hepkema en special oer stoarmfloed 1825

(31ste jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2025)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Fryslân bringt yn dizze edysje in portret fan de earste direkteur fan de Coöperatieve Condensfabriek ‘Friesland’ yn Ljouwert, Sietze Hepkema (1884-1963), dé pionier fan de Fryske suveleksport. Hy begûn dy troch tritich Fryske suvelkorporaasjes mei inoar oprjochte topkorporaasje yn 1913, wie wol in boeresoan mar hie noch noait kondinsearre molke sjoen. Troch Hepkema, dy’t de CCF 38 jier late, waard de Fryske boer fan lytsskalich selsfoarsjennend, mondiaal eksportearjend.
Cover Fryslan nov dec 2024

Skriuwen en libben fan Trinus Riemersma

(30ste jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2024)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Wat is de leeftiid fan in folk, in mienskip, in stêd? Wat langer lyn, wat lestiger te bepalen, want boarnen sjitte tekoart. Eins witte we it gewoan net. It fieren fan de leeftiid fan in folk, mienskip of stêd hat selden wat mei de skiedkundich bewiisbere werklikheid te krijen. Sa toant ús bygelyks it stedsfeest ‘Froonacker’ by 750 jier Frjentsjer yn 1949. Wêrmei dan al? Stefan Kortrijk beskriuwt it yn dit nûmmer fan Fryslân.
Fryslan sept okt 2024 LR

Obe Postma de histoarikus

(30ste jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2024)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Fansels ha we yn it nijste nûmer omtinken foar de eksposysje yn it Fries Museum Ja, ik wil. 250 jaar trouwjurken, noch te sjen oant en mei 16 febrewaris. Gearstaller fan de eksposysje Eveline Holsappel nimt ús oan de hân troch de skiednis fan benammen de Fryske troujurken.
Fryslan juli aug 2024 846x1030.jpg cover

Twa iuwen rêdingwêzen oan Fryske kusten

(30ste jaargang, nr. 4, augustus/september 2024)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Yn dit nûmer omtinken foar twahûndert jier rêdingwêzen oan de Fryske kust, by it twadde iuwfeest fan de Koninklijke Nederlandse Redding Maatschappij. Fryslân ken no sân rêdingstasjons, mar dat wienen oait tsien. Wylst it oait mar mei ien begûn. De ‘Kikkert-rige’, in nije searje pocket- en paperbackútjeften fan Fryske boeken, wie yn de jierren sechtich fan de foarige iuw in inisjatyf fan Fryske boekútjouwers om mei in moderne presintaasje in breder lêzerspublyk te berikken.