
'Doodendraad' - Dútske stroomtried kostet ek Fryske libbens
(21ste jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2015)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Tusken april en augustus 1915 luts de Dútske besetter fan België in 350 kilometer lang triedstek, ûnder 2.000 Volt spanning, lâns de grins mei Nederlân. Dizze 'Doodendraad' sit net mear yn ús ûnthâld. 'Den draad' hat lykwols ek Fryske libbens koste; dêroer yn dizze Fryslân in ferslach fan Kees Bangma.

Dage fan de moderne tiid
(21ste jiergong, nr. 4, july/augustus 2015)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Op 20 juny 1789 begjint de Frânske Revolúsje dy't foar hiel Europa, en dus ek Fryslân, grutte gefolgen ha sil. Uteinlik docht bliken dat maatskippij en oerheden skoksgewiis in nij tiidrek ynkatapultearre binne, mar ûnderwilens wienen de ferskrikkingen fan de napoleontyske oarloggen dy't Europa yn earmoed stoarten.

Maria Louise-jier
(21ste jiergong, nr. 3, maaie/juny 2015)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
It is 250 jier lyn dat Maria Louise, lângrevinne fan Hessen-Kassel (1688-1765), yn Ljouwert stoar. Nei har houlik mei Johan Willem Friso, de Prins fan Oranje, mocht sy har Prinses fan Oranje neame. Maria Louise, sûnt de 19de iuw oantsjut as Marijke Meu, wie al jong widdo; har man ferdronk yn 1711 yn it Hollandsch Diep.

Frysk filmysk erfgoed
(21ste jiergong, nr. 2, maart/april 2015)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
De âldste films dy't yn Fryslân makke binne, datearje út de jierren tsien fan de foarige iuw. It binne losse peareltsjes en skrille kontrasten mei de stream technysk perfekte digitale bylden fan no. It bewarjen, konservearjen en ûntsluten is in moaie taak fan it Fries Film Archief.

Koel mar romantysk
(21ste jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2015)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Hendrik Straat: om de safolle jier stiet er wer eefkes yn de belangstelling en dat feroaret net om't hy de sjirurch wie dy't yn 1954 de Siameeske twilling Tjitske en Folkje út Mûnein suksesfol skiede. De operaasjekeamer wie fol mei filmmakkers en hyt fanwege har lampen. Dat wie noch it dreechste fan de yngreep, sa fertelde de dokter de manmachtich opkommen parse.

In slim kâlde breawinning
(20ste jiergong, nr.6, novimber/desimber 2014)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
By it begjin fan de ûntdekkingsreizen fan Nederlanners, ein 16de iuw, wie al gau dúdlik watfoar ôfgryslike winsten behelle wurde koenen mei produkten dy't Azië wol fuortbrocht en dy't wy, benammen op tafel, bot misten. Mar de tocht nei de East wie lang en gefaarlik.
