
Fryslân en de Gouden Iuw
(19de jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2013)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
De krúsjale perioade yn ús skiednis is de ûnfoarstelbere útbarsting fan ûndernimmingssin ein 16de, earste helte 17de iuw. Yn ekonomyske, mar ek yn kulturele sin kamen de kustgewesten mei in soad ideeën en produksje, oare konkurrinten achterlittend.

Us Museum
(19de jiergong, nr. 4, july/augustus 2013)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Sa kalm as it Fries Museum skynber desennialang troch de tiid kaam, sa ûnrêstich is it sûnt 2000. It ynstitút oan de Ljouwerter Turfmerk liek wat ynsliept, mar krige ûnder lieding fan Wim van Krimpen in flinke skop ûnder it gat. De lêste jierren is it museum spylbal fan hieltyd heftiger diskusjes.

De Fryske Marren
(19de jiergong, nr. 3, maaie/juny 2013)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Us marren binne, hielendal yn ekonomysk swiere tiden, in ûnmisbere ynkomsteboarne foar Fryslân. As in Súd-Europeesk probleemlân driuwt ek Fryslân foar in part op Dútske ynvestearringen, al kinne we fan miening ferskille oer de kwaliteit fan de tsjinprestaasje en de toan fan wurdearring foar ús easterbuorlju.

Bylden fan de oarloch
(19de jiergong, nr. 2, maart/april 2013)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Healwei april is it foar Fryslân 68 jier lyn dat in ein kaam oan de Twadde Wrâldoarloch. Ek al is hjir amper fochten en bombardearre, wienen gjin grutte deportaasjes of eksekúsjes, foar har dy't it meimakken, bleau de oarloch libbenslang in traumatysk barren.

Tsjoenders en duvelbanners
(19de jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2013)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Tsjoenders en duvelbanners binne mystike beroppen út in fersonken ferline, mar se binne nch hieltyd ûnder ús! Se neame har allinne oars. De lichtleauwichheid fan in soad minsken, yn kombinaasje mei soms wanhoop oer lichaamlike krupsjes, is ommers fan alle tiden.

De âlde Fryske seehannelsfeart
(18de jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2012)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Nederlân is in seefarrend lân, al iuwen en iuwen lang. Fryslân is dat, as kustprovinsje by útstek, wier net minder. De Noardsee hiet yn de Midsiuwen Fryske See, om mar wat te neamen. Mar nettsjinsteande dit ferneamde ferline as seefarrend lân witte we eins noch net folle fan ús maritime skiednis.
