
Staveren 950 jier stêd
(17de jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2011)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
De âldste stêd fan Fryslân, dat is Staveren. In namme dy't op midsiuwske kaarten faak iensum yn in grutte lege omkriten stiet te pronkjen. Sa'n stêd moat dochs wol wat foarstelle, soest tinke.

De Fryske Ko
(17de jiergong, nr. 4, july/augustus 2011)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
It is mar goed dat it ferneamde brûnzen byld fan ús mem yn Ljouwert op in sokkel stiet, dan liket dizze oer-Fryske ko noch in bytsje ymposant. Se is eins mar in lytskenien. Sok praat moast begjin jierren fyftich, doe't oer de foarm fan it byld neitocht waard, net hawwe.

Seks: lêst en lust
(17de jiergong, nr. 3, maaie/juny 2011)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
In opfallend, âld keunstwurk út de Koninklijke Bibliotheek siert it maaie-nûmer fan Fryslân. De makker fan de gûasje yn it liber amicorum fan Juw van Harinxma út 1625 soe wol nuver opsjen as er syn wurk weromsjocht op in tydskriftomslach mei as tema-titel "Seks".

It wetter komt!
(17de jiergong, nr. 2, maart/april 2011)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
De maartedysje fan Fryslân giet oer wetteroerlêst. Dat is in "ivich" aktueel tema yn Fryslân. Gean mar nei: it langste stik bûtengrins is wetter, oant de oanlis fan de Ofslútdyk (eins 'Ofslútdaam') sâlt wetter. En dan hat de Fryske boaiem ek noch in ûnhandich reliëf.

Drank: misbrûk en bestriding
(17de jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2011)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Dit nûmer fan Fryslân hat in tema dat hjoed-de-dei in soad minsken oansprekt: drank, en dan benammen misbrûk dêrfan. De artikelen binne histoarysk, net allinne omdat Fryslân in histoarysk blêd is, mar ek troch it folslein oare karakter fan it drankprobleem yn benammen de 19de iuw, ferlike mei no.

Banken – sparje en liene
(16de jaargang, nr. 3, november/december 2010)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Us foarâlden wienen lang net sa deeglik as wy tinke. Spil- en spekulaasjesucht wienen ûndeugden dy't ûnder de gegoede Nederlanners rom ferspraat wienen. De Maatschappij tot Nut van 't Algemeen, in ideële ynstelling, begûn yn de 19de iuw mei it propagearjen fan it sparjen en rjochte dêrfoar sparbanken op.
