Cover Fryslan sept okt LR 2025

Histoaryske atlas fan 'it oare Fryslân'

(31ste jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2025)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Dêr stiest dan, mei in sealtas fol fyzje en oprjocht moaie plannen. Foldochst oan alle easken, mar de rip is leech. Tsjin willekeur en koartsichtichheid falt net op te redenearjen, mar it is de praktyk foar de hiele kultuersektor yn ús lân: ienris yn de pear jier in rituele race mei dyn kollega-direkteuren om ‘luzige rotsinten’. Peter Wester, direkteur fan it Fries Landbouwmuseum dat oan in grutte subsydzjefal ûntsnapte yn it jier dat it 100 jier bestiet en mei in ferbouwing yn oerflakte ferdûbele, kin deroer meiprate. Hy sjocht yn dit nûmer werom en sjocht foarút.
cover 2025 4

Restauraasjeriedsels by portretten Wybrand de Geest

(31ste jiergong, nr. 4, july/augustus 2025)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Skiednis wurket troch yn it no, dat bewiist dit simmernûmer fan Fryslân. Nim no Nederlânsk-Ynje, of Yndonezië. De Ynjegongers yn it tiidrek 1945-1949 – de pynlike oergongsperioade fan de iene namme nei de oare – bedarren ûnder it mom fan oarder- en rjochtsherstel yn in suvere koloniale oarloch. Elkenien – sels dy’t wegeren – is der traumatisearre út weromkaam. Tsjinstplichtige Ynjegongers moatte har tachtich jier nei dato noch altyd ferdigenje foar wat mear as oait as oarlochsmisdieden beoardiele wurde. In soad fan har wrakselen mei trauma’s. Lykas Riemer Riemersma, sa’n bytsje de earste dy’t se al yn 1966 fan him ôfskreau, al realisearre gjinien him oant foar koart hoe histoarysk betiid oft er dêrmei wie.
Cover Fryslân mei juni 25 Lowres

Fan Frysk museumdoarp tot Fryske froedfroulju yn de krisisjierren

(31ste jaargang, nr. 3, mei/juni 2025)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Fryslân dûkt yn de plannen foar in iermidsiuwsk Frysk museumdoarp. It tij dêrfoar is no geunstich, sa bepleitet Han Nijdam, histoarysk-wittenskiplik adviseur út namme fan de Fryske Akademy. It temapark Magna Frisia fertelt it ferhaal fan iermidsiuwsk Frisia, dat neffens Nijdam nei desennia ôfwêzigens op it paad werom is as drager fan in nij kultureel selsbewustwêzen.
Cover Fryslan ma apr LR2025

Tachtich jier befrijing

(31ste jiergang, nr. 2, maart/april 2025)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Fryslân bringt yn dizze edysje in special fan trije artikels yn it ramt fan 80 jier befrijing. Nei oanlieding fan de eksposysje ‘Twadde thús’ yn Tresoar oer evakuees en har Fryske gastgesinnen yn de oarloch, beskriuwt haadredakteur Herman Broers it bysûndere oarlochsferhaal fan syn eigen mem, Greetje Huksloot. Dy kaam út it bombardearre Rotterdam wei nei Oerterp. Yn tsjinstelling ta tûzenen oaren is sy de rest fan har libben bleaun en Friezinne wurden.
cover Fryslan jan feb 2025

Sietze Hepkema en special oer stoarmfloed 1825

(31ste jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2025)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Fryslân bringt yn dizze edysje in portret fan de earste direkteur fan de Coöperatieve Condensfabriek ‘Friesland’ yn Ljouwert, Sietze Hepkema (1884-1963), dé pionier fan de Fryske suveleksport. Hy begûn dy troch tritich Fryske suvelkorporaasjes mei inoar oprjochte topkorporaasje yn 1913, wie wol in boeresoan mar hie noch noait kondinsearre molke sjoen. Troch Hepkema, dy’t de CCF 38 jier late, waard de Fryske boer fan lytsskalich selsfoarsjennend, mondiaal eksportearjend.
Cover Fryslan nov dec 2024

Skriuwen en libben fan Trinus Riemersma

(30ste jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2024)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Wat is de leeftiid fan in folk, in mienskip, in stêd? Wat langer lyn, wat lestiger te bepalen, want boarnen sjitte tekoart. Eins witte we it gewoan net. It fieren fan de leeftiid fan in folk, mienskip of stêd hat selden wat mei de skiedkundich bewiisbere werklikheid te krijen. Sa toant ús bygelyks it stedsfeest ‘Froonacker’ by 750 jier Frjentsjer yn 1949. Wêrmei dan al? Stefan Kortrijk beskriuwt it yn dit nûmmer fan Fryslân.