
Histoaryske bûtens - De idylle fan it lânlibben
(18de jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2012)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
It is net lestich te rieden wêrtroch't dit 'Jaar van de historische buitenplaats' sa suksesfol is. Stiet it bouwurk der noch, dan is dat trochstrings moai om te sjen en prikelet de nijsgjirrichheid trochdat it faak net te besjen is.

De dage fan de sport yn Fryslân
(18de jiergong, nr. 4, july/augustus 2012)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
It is amper mear foar te stellen dat sport yn earder tiden in wat obskuere saak wie of foar minsken mei tiid, jild en gekke ideeën, of 'fanatikelingen'. Oardel iuw lyn wie sport, benammen yn Fryslân, in lytse bysaak, dy’t bytiden soms hurd útgroeie koe ta in haadsaak.

Popmuzyk yn Fryslân
(18de jiergong, nr. 3, maaie/juny 2012)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Ofrûne Peaske fierde popfestival Aaipop yn Nijlân it 25-jierrich jubileum. It fanâlds wat steatlike Tresoar wijde der in lytse tentoanstelling oan, dêr't dúdlik mei waard dat popmuzyk yn Fryslân tsjintwurdich serieus nommen wurde moat.

Befalle en oerein komme
(18de jiergong, nr. 2, maart/april 2012)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
It kreambêd hat iuwenlang in boarne fan grutte bliidskip en bot fertriet west. Tal nij libben stoar wer gau, in frou oan it befallen wie yn grutte ûnwissichheid oft se de befalling oerlibje soe. De risiko's wienen grut, de kennis fan komplikaasjes lyts.

Jonathan Israel
(18de jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2012)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Radical Enlightenment, dêr stiet Jonathan Israel om bekend. En radical, dat is er wol: hy makket dúdlike karren. De (Westerske) politike filosofy yn it tiidrek 1650-1800 is troch Jonathan Israel ta oersichtlike proporsjes werombrocht.

Grinsgefallen
(17de jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2011)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
De yndieling fan Fryslân yn gemeenten fan de Frânske Tiid ôf is in út en troch fermaaklike cocktail fan wiisheid, persoanlike ambysjes, oergeunst, hebsucht en doelmjittichheid. En it proses giet troch: binne noch mar krekt tal fan gemeenten yn súdwest-Fryslân gearfoege ta in grutte ienheid ûnder lieding fan Snits, de opdieling fan Boarnsterhim ûnder syn buorlju is oansteande.
 
								 
 		