
Obe Postma de histoarikus
(30ste jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2024)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Fansels ha we yn it nijste nûmer omtinken foar de eksposysje yn it Fries Museum Ja, ik wil. 250 jaar trouwjurken, noch te sjen oant en mei 16 febrewaris. Gearstaller fan de eksposysje Eveline Holsappel nimt ús oan de hân troch de skiednis fan benammen de Fryske troujurken.

Twa iuwen rêdingwêzen oan Fryske kusten
(30ste jaargang, nr. 4, augustus/september 2024)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Yn dit nûmer omtinken foar twahûndert jier rêdingwêzen oan de Fryske kust, by it twadde iuwfeest fan de Koninklijke Nederlandse Redding Maatschappij. Fryslân ken no sân rêdingstasjons, mar dat wienen oait tsien. Wylst it oait mar mei ien begûn.
De ‘Kikkert-rige’, in nije searje pocket- en paperbackútjeften fan Fryske boeken, wie yn de jierren sechtich fan de foarige iuw in inisjatyf fan Fryske boekútjouwers om mei in moderne presintaasje in breder lêzerspublyk te berikken.

Frysk flaaks as wurkferskaffing
(30ste jiergong, nr.3, maaie/juny 2024)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Yn dit nûmer omtinken foar de ferbou en ferwurking fan flaaks as in ‘needsaaklik kwea’, lykas Henk Dijkstra yn syn iepeningsartikel sketst. De Friezen wienen koprinner fan de flaaksyndustry yn Nederlân: fan de hast 4.000 braakhokken en swingelketen dy’t Nederlân yn 1907 noch telde, stienen goed 2.800 yn de Fryske flaaksstreken en fan de goed 8.000 flaaksbewurkers, wurken hast 4.600 yn ús provinsje. Histoarisy kinne mei foarbylden lykas dizze parallellen lûke nei ús hanneljen fan no. Der skûlje in soad histoaryske lessen yn dy braakhokken.

Drok, drok Drachten – Fan feanplak nei yndustrystêd
(30ste jiergong, nr. 2, maart/april 2024)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Op de cover it Drachtster Lyceum dat al in pear jier pleage wurdt troch bestjoerlike problemen. It krijen fan dizze HBS yn 1919 spile in kaairol yn it foarútgongstinken fan de Drachtsters yn it Ynterbellum en wie de opmaat foar de hurde groei fan Drachten nei de komst fan Philips yn 1950 en de groei nei mear as 40.000 ynwenners. It goede ûnderwiisklimaat yn Drachten, ferwurven mei dy HBS, wie fan belang foar Philips om nei Drachten te gean.

Yn de fuotleasten fan 'doarpsgek' Jan Prakje
(30ste jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2024)
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Fryslân biedt jonge geschiedenisschrijvers een podium, al geven we senioren met een vlotte pen ook nog altijd de ruimte. Maar om kwalitatief lezen en schrijven over geschiedenis te kunnen blijven volhouden in Friesland, zal het aantal jonge schrijvers snel moeten toenemen, betoogt hoofdredacteur Herman Broers in zijn voorwoord van dit eerste nummer van de dertigste jaargang.

Aldjierstradysjes ûnder druk
29ste jiergong, nr. 6 novimber/desimber 2023
Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.
Oait waard it histoarisy sterk ôfret: skiednissen beskriuwe út in persoanlik perspektyf wei. Gelokkich binne de measte histoarisy der yntusken fan weromkommen. It persoanlike perspektyf is allinnich al in weardefol ynstrumint om komplekse histoaryske ûnderwerpen mei ‘te iepenjen’, in oangripingspunt foar de ûndersiker rjochting it (lêzers)publyk.
